Nijs fan it Nut hjerst 2021

21 oktober 2021

Wizige op 21-10-2021, 19:24:32

Nijs fan it Nut hjerst 2021

‘t Is wer foarby dy moaie simmer. In simmer wêryn’t we wer wat mear mochten en koenen. De maatregels wurde gelokkich hieltyd wat mear loslitten en it libben begjint stadichoan wer wat ‘normaler’ te wurden. Dochs hat it ek in kearside. Hieltyd faker soarget datjinge wat yn Den Haach bepaald wurdt foar gedoch tusken minsken. Famyljes, freoneploegen en sels in hiel doarp kin ferdield reitsje troch wat de ien mar ûnsin fynt, de oar krekt in feilich gefoel jout en alles wat dêrtuskenyn sit. It is ek net gek dat dat bart. Hoe langer in situaasje duorret dy’t net as ‘gewoan’ fielt, hoe lestiger it wurdt om je dêroan oan te passen. Dochs hoopje wy dat wy as doarp ús mienskipsgefoel net ferjitte en each hâlde foar inoar. Dan komt it fêst allegear wer klear.

Nije strjitferljochting

Meastal foar’t ik begjin mei it skriuwen fan ‘ús nijs’, lês ik de âldere edysjes efkes troch om te sjen oft we net yn de werhelling falle, mar ek om te sjen wat der fan plannen en foarnimmens telâne kaam is. Sa lies ik yn de edysje fan in jier lyn dat de gemeente foarnimmens wie de strjitferljochting yn ús doarp te ferfangen. We ha der efkes op wachtsje moatten, mar oan ’e ein fan de simmerfakânsje is de gemeente hjirmei begûn. Wylst ik dit skriuw, binne der al aardich wat strjitten mei nije lantearnepeallen en it jout in moai smûk strjitbyld. We besykje yn ’e gaten te hâlden oft de peallen neffens it oarspronklike plan pleatst wurde. Der wurde in oantal peallen wer brûkt en in lyts oantal bliuwt stean, al dy peallen wurde noch grien skildere, sadat alles straks by elkoar past. Wy sjogge fansels ek net alles, dus mochten jimme earne tsjinoan rinne, dan kinne jim dat melde by ien fan de bestjoersleden.

Doarpskeamer Mantgum

Op 25 septimber 2021 is yn Mantgum de “dorpskamer dorpen Zuid-West en Mantgum” iepene. Eltse tiisdeitemoarn en freedtemiddei kinne ynwenners fan de súdlike doarpen fan de gemeente Ljouwert hjir terjochte foar in praatsje, it moetsjen fan nije minsken, in aktiviteit of in fraach. It wykteam fan Amarylles is dan ek oanwêzich en kin help biede by ferskate saken. By it Nijs op dizze webside lêze jimme mear oer de doarpskeamer.

Op paad mei de wethâlder

Op 20 septimber ha wy in rûntsje makke troch it doarp mei wethâlder Friso Douwstra fan Ljouwert en ús doarpsmanager Rikkie Hagen (sis mar, ús kontaktpersoan by de gemeente). Wy ha in oantal punten ûnder de oandacht brocht by de gemeente. Sa binne de griene stoepen en strjitten in protte minsken min nei ’t sin. De gemeente bestriidt ûnkrûd tsjintwurdich mei hyt wetter om’t dat miljeufreonliker is, mar dat is net like effektyf. Dhr. Douwstra sil besykje te regeljen dat der in auto mei in stielboarstel ynsetten wurde kin, om it slimste oan te pakken. Oar wichtich punt fan oandacht is it hekkeljen fan de Weidumerfeart. Dat wurdt net mear dien en leveret oerlêst op ’e Idzerdaleane en foar suppers, boatsje- en kanofarders. Op dit stuit giet it Wetterskip hjiroer. Har taak is te soargjen foar genôch trochstreaming, mar befarber hâlde sit net yn harren takepakket.
Dit probleem spilet rûnom yn Fryslan. Ferskate partijen as Provinsje, Marrekrite, Friese watersportbond, ûndernimmers en doarpsbelangen binne hjir mei dwaande, mar de oplossing is noch net yn sicht. In koarte termynoplossing fia de gemeente wurdt ek hiel lestich. Wol sil de gemeente by it Wetterskip oantrúnje op in snelle oplossing.
Fierder sil de gemeente noch ien kear grut ûnderhâld dwaan oan al ús bankjes en ha wy de nije strjitferljochting besprutsen. Ek it tawiisbelied foar hierwenningen hat oan ’e oarder west. Hjirtroch komme in protte minsken yn hierwenten dy’t gjin bining hawwe (of ha wolle) mei Weidum. Dat is net goed foar de mienskip, mar spitigernôch is dat regeljouwing út Den Haag. De gemeente heart dit lûd út folle mear doarpen. As it doarp sels de wenten oankeapje soe, soe dit it probleem oplosse, mar dat jout fansels wer oare útdagingen.

Dirk en Geeske yn it sintsje setten

Op sneon 11 septimber wie it safier, nei mear as 30 jier trouwe tsjinst sit it tiidrek fan it kosterskip by de Johannestsjerke fan Weidum der foar Dirk en Geeske op. Klaes Tilma fertelde wat moaie anekdoates oer wat it kosterskip ynhâldt en hoe’t it takepakket fan it kloklieden en ûnderhâld fan it tsjerkhôf yn de rin fan de jierren feroare is. Ek wol Klaes in list meitsje fan nammen fan alle foargeande kosters, want dat wurdt net byhâlden en dat moat oars! Wat altyd bliuwt is de oanwêzigens fan Dirk en Geeske yn en om de tsjerke. Der is altyd gelegenheid foar in praatsje. It hôf leit der kreas by en de blommen by de grêven wurde altyd netsjes hâlden. De tsjerke is no fan de Stichting Fryske Tsjerken en it gebou moat troch de kommisje besteande út Klaes Tilma, Franci Heeger, Eelke Tamminga en Lucy Brouwer bestjoerd wurde. Nei in tankwurd fan Dirk foar it prachtige kado wie der by it keatshokje gelegenheid om mei Dirk en Geeske nei te praten ûnder in “koarte preek” mei in lekker kleasterbierke.

Doarpebudzjet 2021

Om’t in protte saken de ôfrûne jierren net trochgean koenen, ha wy ek minder oanfragen krigen foar in bydrage út it doarpebudzjet. Dêrtroch ha wy noch wol romte foar nije oanfragen. Foarwearde is dan lykas by alle oare oanfragen, dat de bydrage as doel hat de leefberens yn it doarp te behâlden en te fergrutsjen. Oanfragen kinne yntsjinne wurde by It Nut fia pleatsliknutweidum@gmail.com. We wolle nochris oanjaan dat it doarpebudzjet  net allinnich iepenstiet foar ferieningen, mar ek partikulieren, strjitkommisjes of in spontaan gearwurkingsferbân kinne in oanfraach yntsjinje. It Nut besjocht dan oft de oanfraach yn oanmerking komt foar takenning of takenning foar in diel. 
Oant safier!
Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Sijtse-Auke Flapper, Franci Heeger, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh.