26 oktober 2025

Wat ha we in skitterjend feest hân op freed 22- en sneon 23 augustus!
Nei’t ús doarpsomropper Klaes op freed om 17.00 oere in rûntsje troch it doarp makke hie, begûn de ynrin fan doarpsgenoaten om 19.00 oere hinne. Elts koe earst genietsje fan in lekker stikje oranjekoeke mei kofje. De feestfierders waarden allegear op de foto set troch ús topfotograven Piet en Gerard.
Feik en Tsjits trapen ôf. Mei in geweldige act, moaie âlde filmkes fan merkedagen út it ferline en hearlike grappen.
Dêrnei wie de Weidumer band oan set mei sa’n 37 ferskes, allegear spile troch muzikanten út eigen doarp en in pear fan om utens. In geweldich muzykspektakel dat oant in oere as tolve trochgie en dêr’t folop op dûnse wurde koe.
De sneons om 9.30 oere stie in bus by de halte fan de tsjerke. Fiif kear ried de bus troch Weidum en nei it Wiel mei doarpsferteller Klaes. En elke kear siet de bus fol. Undertusken waarden de bern fermakke mei in draaimûne, springkessens, in schminkster en in gûchelder. Dat wie dus ek dik feest!
It middeisiten, makke troch Sjoerd van der Hem, stie klear yn de pleats fan Sjoerd Swierstra en it smakke goed. Middeis wienen der noch spultsjes:
de ‘Sla Jut’ fan Edwin Meester,
it ‘Sigaarsmoken’ mei Ferry de Boer en
it ‘Petsjebaljen’ mei Baukje Hiemstra.
De minsken fûnen it prachtich.
Wilens stiene de foodtrucks al klear foar it jûnsiten en sette Jelle B útein mei hearlike muzyk.
It waar wie moai, it wie gesellich en it bier en it oare drinken smakke goed.
Om 19.00 oere sette de band Rauzer útein mei in pracht show en geweldige muzyk.
Mar om in oere as alve moast der in ein komme oan dit fantastyske Jubileumfeest fan 100 jier Weidumer merke.
De foto’s makke op freed-te-jûn kinne jim fine op de Webside fan Weidum.eu.
We wolle jim as ynwenners en (âld) merkefierders noch ris tige betankje foar jim oanwêzigens. Sûnder merke fierders gjin feest!
Jan, Anja, Ait Jan, Freddie en Anton