11 oktober 2025
Wizige op 15-10-2025, 20:44:44
En toen wie it alwer safier, de jierlikse himmeldei Doarpshûs. Om 8.30 rûnen menich man/frou mei harren ammerke en sop nei it doarpshûs. Hjir hie Lolkje de tafel al fol lizzen mei himmel opdrachten. (Loeske hie ien en oar regele mar wie sels ferhindere) Doe gie it oan, de binnen- en bûtenkant waard ûnder hannen nommen. Om 10.00 oere wie d'r kofje en tee, mei in lekkere koek of stik cake. Dernei waard d'r wer omraak himmele en sa rûn 12.00 oere ha we it lêste sopke troch it goatstien gooit. D'r wie tiid foar in drankje mar in grutte ploech blaun d'r net oer, die masten alwer fjierder mei oare 'sneons' klussen.
Tige tank oan: Inge, Andys, Pietsje, Klaes T., Jellie, Freddie, Karina, Aaltsje, Jeltsje, trynke, Hilly, Wybranda, Janet, Etsje, Saco, Wilma, Marineke, Jan, Nico, Tsjebbe, Lolkje, Lucy