26 april 2025
Op in trochdewykse jûn sko ik oan by in spesjaal groepke: de organisaasje foar it jubileum feestwykein fan 100 jier Weidumer merke, dat plakfine sil op freed 22 en sneon 23 augustus.
Wy prate oer hoe ’t it sa ta stân kommen is. Anja de Vries, Anton Wijnstra, Freddy van Zutphen, Jan Boersma; allegearre hawwe se yn it merkebestjoer sitten. Freddy sels 12 jier achterelkoar. Ait Jan Bouma is dizze jûn ôfwêzich, hy reizget mei in camper troch Oceanië.
Jan: By de jierfergadering ’22 krigen wy te hearren dat de ‘100 jier’ deroan siet te kommen. Dat ha wy earst parkeard foardat wy minsken begûnen te freegjen foar in eksterne kommisje, bûten it gewoane bestjoer.
Freddy: Myn vrouw was één fan die aanstichters, dus toen ik vraagd werd, had ik geen keus, nee was geen optie! En ik heb er zin in om weer eens wat te doen, heb de tijd nu!
Anja: Dat ik frege waard fûn ik hiel leuk, sowieso! Omdat de merke hjir altyd sa’n moaie tradysje is.
Anton: Ik kaam yn plak fan Tialde, want dy hat it earst opsetten mei Jan. Troch omstannichheden moast sy it stokje oerdrage. It jout my in goed gefoel hjir oan mei te wurkjen. De fiif jier dat ik yn it bestjoer siet fûn ik hast leuker as de merke sels! Al bist it measte dwaande mei ‘meuk move’, it hiele proses yn dy wiken is in moai oantinken. Doe ’t ik yn 2000 hjir kaam te wenjen hearde ik lawaai. Ik tocht: “wat is dat, merkefieren?” Yn Ingelum wie it altyd in frij foarsisber tradisjoneel doarpsfeest.
Freddy: Ik had nog nooit fan een matinee hoord, dus de eerste keer bestelde ik koffie! Daar werd smakelijk om lacht en het bier vloog mij vrij gauw om de oren.
Anja: Yn myn herinnering hat elkenien altyd frij en docht mei. De bûtenwrâld bestiet even net. Myn freon Jort sei: “Ik ga écht niet drie dagen vrij nemen!” Mar dat duorre mar ien jier!
Jan: De reden dat je útsjogge nei de merke fariearret: as bern ha je fakânsje, heit en mem binne maklik, alles mei wat mear. Do sjochst út nei de sweefopbou, de spanning dat der wat barre sil yn it doarp. Letter meist op ’e seal, ék spannend. En it moaiste is alles en elkenien meielkoar.
Anja: It is in sosjaal barren, roeie mei elkoar, fan 15 oant 75 jier!
Anton: Mei dyn eigen bern merkefiere is geweldich. En prate mei minsken dêr ’t je de rest fan it jier amper kontakt mei hawwe.
Anja: De orizjinaliteit, de tema’s, der barre gekke dingen, de tongersdeitejûn is máchtich! It is ek net de bedoeling dat der in soad oaren komme. It is echt in feest foar eigen doarp.
Freddy: Er valt geen onvertogen woord, bijna nooit. Het loopt nooit echt uit de hand.
Anton: Normaal is it dochs wol wat segregearre, mar mei de merke is alles troch elkoar, dat is der sa leuk oan. En it fertaalt him ek wer nei ferienings, it biljerten ensfh. De winst dy’t mei de merke skoard wurdt fyn ik hiel sterk. Sjoch mar hoefolle jeugd der yn de merkekommisje sit, dat set him troch!
Jan: Wy hâlde dus yn augustus ús jubileumfeest, yn de tinte fan de frouljus PC. Ek eksplisyt foar âld Weidumers dy’t oantinkens hawwe en ek meifierden mei ús merke.
Anja: Dat makket it wol oars!
Anton: Ja, yn de basis is it in feest, mar dan wat oars. Wy wolle graach dat minsken in leuke tiid hawwe, wêryn ’t wy wol wat weromsjogge, mar ek net té nostalgysk. Wy rjochtsje ús it meast op de lêste 25 jier.
Freddy: Ik ben al 40 jaar ‘merke-kundige’, der benne veel anekdotes, foto’s en filmkes van door de jaren heen, ik ben de ouwe doos dy’t dat allemaal verzamelt. Dat is heel leuk.
Jan: It programma ha wy wol sa goed as rûn. Foar de simmer komme wy mei mear details.
It is yn elk gefal freedtejûns en sneons oerdeis en jûns. As minsken noch guon fan froeger kenne, dy’t dit wol moai fine soene, dan meie jim de nammen wol trochjaan oan ús.
Wy geane der fan út dat it echt hartstikke leuk wurdt! Oant yn augustus allegearre!!
PS
Letter trof ik Ait Jan Bouma noch, werom fan syn reis.
“De reden dat ik yn dizze kommisje sit, is dat ik destiids in ûnfoarstelbere moaie tiid hân ha yn it merkebestjoer. Mei in ploech meielkoar sawat keunstichs te organisearjen fyn ik machtich. By sa’n jubileum komt der in enoarm soad entûsjasme, kreativiteit en ideeën nei boppen. En it moat allegearre kloppe: it betinken, it bouwen, de oanklaaiïng, de sinten.
Ik wol it dan ek goed hawwe. As ik wat doch is it ek foar 100%. Ik ha sels dingen ôfsein om my hjir folslein foar ynsette te kinnen! Ik fyn it gewoan hiel moai wurk en bin bliid dat ik meiwurkje mei!”
Marineke van der Zijpp