D’UM

Ien jier pluktún: wat in weelde, wat in wille

26 oktober 2025

Ien jier pluktún: wat in weelde, wat in wille

Wat te fertellen oer it earste jier fan in pluktún? Je kinne begjinne mei in getal. In yndrukwekkend getal: mar leafst 422 boeketten binne der dizze simmer plukt! Dat wie de stân per 1 septimber.
Mar ek dy moanne en sels begjin oktober wie der noch genôch te plukken dus de einstân komt grif noch heger út. En dan ha we noch net meirekkene dat der ek boeketsjes ôfrekkene binne foar
€ 2,50, de priis foar in bernehân fol. At je dat yn je omgean litte – de hân fan in bern fuld mei in sels plukt boskje blommen – dan ûntjout him in oar ferhaal.

Dan is in getal fan plukte boeketten of in bedrach oan opbringst net wat telt, mar giet it om wat oars. It gefoel fan yn in snobbersguodwinkel bedarre te wêzen. It genoegen fan omdoale te meien yn in weelderich fjild fol kleuren. De wille fan it wikjen en weagjen: dy blom der noch by of leaver in oare soarte? De ûntdekking fan in lytse fjoerflinter op in rudbeckia. De stille ferwûndering dat it allegear mar út himsels opwoeksen en ta bloei kaam is. Thús it genot fan in moaie faas op ’e tafel.

En no al wer de wille foarôf. Fan wat we it oare jier siedzje sille. Dy soarte wis op ’e nij, mar ek ris wat oars útprobearje. Dy blom op in better plakje sette. Dizze kear net wer sa betiid begjinne mei foarsiedzjen. Unthâlde om bepaalde soarten te topjen. Sabine wer freegje in workshop te jaan. Miskien in aktiviteit foar bern betinke.
In boerd meitsje oer alle flinters en ynsekten dy ’t je op ’e tún tsjinkomme kinne. Genôch om in winter lang al fol fan te wêzen!

Mei fleurige groetnisse,
fanút de frijwilligers fan de pluktún,
Katja Westra