Ôfskie kostersechtpear Durk en Geeske

25 oktober 2021

Wizige op 31-03-2022, 15:21:50

Ôfskie kostersechtpear Durk en Geeske

Bêste minsken en yn it bysûnder Durk en Geeske en famylje.

Ik kom al jierren yn in hiele soad tsjerken yn Fryslân en jimme sille wol tinke is Klaes ynienen tsjerks wurden?

No nee, mar fanwege myn wurk as restaurateur fan âlde tsjerken ha ik der in soad sjoen.

Wat my yn in hiele soad tsjerken opfalt is dat der faak in moaie list hinget wêrop te sjen is hokker dûmnees yn dizze tsjerke preekt hawwe  en fan wannear oant wannear. Yn guon tsjerken is al fanôf 1600 bekend wa de foargonger wie.

Ik ha wolris tocht wêrom hinget der gjin list fan de kosters, dy dwaan ek in hiele soad wurk foar de mienskip.

Ik sels kin mar in pear kosters yn Weidum opnemae, lykas Klaas Lemstra, Wietse van der Leest, Klaas Visserr en no al 33 jier lang Durk en Geeske.

Ik ha my wol ris ôffrege of de koster ek ûnder de swiere beroppen falt. Ik tink it net mear. Yn de tiid fan Klaas Lemstra wie de koster noch ferantwurdlik foar de Sintelreed (by Tsjebbe), de Buma begraafplak en it Weidummer hôf, klok opwine en liede, grêfdelfe, tsjerke skjinhâlde en neam mar op.

Doe't Durk en Geeske hjir begongen wiene der al hiel wat wurksumheden skrapt, mar de klok moast noch wol opwûn en led wurde. Durk hat ris útrekkene hoe faak hy dat dien hat en dêr skrik je fan.

Mar it grêfdelfen, Buma begraafplak wie net mear oan de oarder en dêrom koe der in soad tiid bestege wurde oan it netsjes hâlden fan it tsjerkhôf.

En ik sis it noch in kear, ik bin op in soad tskerjhôven west, mar sa as yn Weidum binne der net in soad fan yn Fryslân.

Eltse dei by de blommen lâns dy op de grêven stean om hja wetter te jaan en it deade spul derút te heljen. Hokker koster docht dat hjoed de dei noch? Mar ek it gêrsmeanen en hage knippe. It stiet der altyd kreas by.

Jimme hawwe in soad leed foarby  kommen sjoen yn de ôfrûne 33 jier. Mar it kin ek in lokkich gefoel jaan datst der mei mei foar  soarchje mochst dat alles oant yn de puntsjes regele wie.

Ek hawwe jimme trou- en dooptsjinsten hân, wat ek bysûnder wie, om't dat net sa faak bart.

Krystdagen wiene ek bysûnder. Dagen yn de tsjerke dwaande om dy prachtich te fersieren mei de krystbeam, mei echte kearskes, as middelpunt. Karel fan Ireen moast dan oppasse dat de saak net yn de brân fleach.Durk en Geeske sjogge wy de lêste jierren net safolle mear by de dorpsaktiviteiten, mar dat is wol oars west. Geeske bleau yn har rol, want doe't de merkekommisje it feest fan "Bolle Jan" fierde en de Lytse Buorren omboud wie tot de hoerebuurt, wie Geeske ferklaaid as suster fan it Leger des Heils dy't it boekje besocht te ferkeapjen. Mar Durk miste ek net as lakei. Tegearre mei Andrys hite hy de gasten wolkom op it krystbal.

Durk is foar syn wurk ek noch útstjoerd west nei de Sinaï yn Israël. Dus moast Geeske de hiele tinte allinne runne. Wy hawwe Durk op fideo sjen litten hoe it yn dizze tiid yn Weidum gie sûnder syn oanwêzigens.

Doe't hy wer thús kaam, hat hy in rûnrit troch Weidum op it 'skip fan de woastijn' makke. Dit is op film fêstlein en komt yn it argyf. Want hokker koster hat op in kamiel riden yn eigen doarp?

Weidum is anno 2021 in plak wêr de middenstân omtrint gehiel ferdwûn is. En der is in hiele soad middenstân west yn ús doarpke.

Wannear de winkel ferdwynt, ferdwine ek de sosjale kontakten, seit men. No ik kin jimme fertelle dat dat net sa is. Wannear jo om de tsjerke hinne rinne, komme jo Geeske faak tsjin en sy sit nea ferlegen om in praatsje. Jo kinne omtrint net om har hinne, want hja is  simmers elke dei wol op it hôf. Klokliede en opwine hoecht net mear, mar it loopke is der noch hieltyd.

In soad oarloggen komme foart út it geloof, kin men oeral lêze. Yn de Gemeente Westerwird is der in hiele grutte diskusje ûntstean of der in kleaster yn Hilaard komme moast. Dit hat in soad lilke gesichten oplevere. De lêste jierren fan jimme kosterskip sille jimme net as de bêste  ûnderfûn hawwe. Dochs sprek ik de hoop út dat jimme as geloofsgenoten aanst elkoar wer rjocht yn de eagen sjen kinne.

Yn novimber 2020 wie de oerdracht fan de tsjerke fan de Gemeente Westerwird nei de Stifting Alde Fryske tsjerken. Jimme wiene derby, mar sjoen de koroana rigels wiene der net in soad minsken by oanwêzich.

No de tsjerke oerdroegen is oan it doarp Weidum, syn Durk en Geeske net mear by Westerwird en waard it kontrakt per 31-12-2020 opsein.

In ôfskied woene jimme net, mar wy as pleatslike kommisje fûnen dat dat der wol komme moast.

Ik sil ynkoarten mei de pleatslike kommisje om tafel en der foar soarchje dat wy de earste tsjerke binne wêr in list komt mei de nammen fan de kosters dy hjir ea wurke hawwe. En jimme, Durk en Geeske, sille der mei gouden letters ynskreaun wurde.

Tanke wol