D’UM

Alvestêdekuier-barren

26 april 2025

Alvestêdekuier-barren

Op tiisdei 27 maaie komme fanút Ljouwert wer kloften sportivelingen lâns stowen om harren sels al rinnende út te daagjen om de ferneamde Fryske rûte hielhûds te folbringen.

Jellum en Weidum binne sawat de earste doarpen dy’t de toan sette kinne, mei oanmoedigings, ludike aksjes en feestlike oanklaaiings, wat dizze happening yn Fryslân elts jier sa ûnferjitlik makket. Dielnimmers ûnderfine dat as in enoarme opswiper ûnder harren lichem tergjende kuierûndernimming.
Moai soe it wêze as bewenners lâns de Hegediken en it Wiel moarns de flagge út hawwe soene foar in feestlik gesicht. En fansels muzyk. Mar gewoan oanwêzigens as oare ûnthaal aksjes by de rûte lâns binne ek fan herte  wolkom.

De organisaasje siket ek noch minsken, jong en âld, dy’t byspringe kinne by ferkearsknipepunten. Hasto dit moarnsskoft wol eefkes tiid om hjir en dêr in hantsje te helpen foar de algemiene feiligens op ’e dyk, mail dan nei Gelbrig Ligthart: info@elfstedenwandeltocht.nl. Se binne superbliid mei alle opjeftes út de doarpen, dy’t as ekstra krêft ynsetten wurde kinne!