26 april 2025
De earste tekenen binne te sjen dat der efter de tsjerke wat geande is.
It gers is der foar in part út, de grûn is freesd en yn dy farske perken is it earste blommesied siedde.
In groepke entûsiastelingen is al sûnt de iere maaitiid dwaande om binnendoar foar te siedzjen. Dat jonge grien kin aanst útplante wurde en dan mar moai trochgroeie ta fleurige blommen.
Biologyske blommen
De pluktún-yn-oanlis is in ynisjatyf fan de Enerzjykoöperaasje Weidum. Dy klup is der net allinnich foar duorsume enerzjy mar wol him breder ynsette foar it miljeu en in duorsume takomst.
In biologyske tún past dêr goed by. Hieltyd mear wurdt dúdlik wat de skealike kanten binne fan de gewoane blommeteelt. Der wurde in soad pestisiden brûkt. De kweek yn kassen freget bakken enerzjy en in protte blommen wurde mei fleantúch ús kant op ferfierd. Folle better om mei de seizoenen mei blommen te kweken op duorsume wize. De pluktún yn Weidum sil folslein biologysk wêze. Mei in kar oan blommen dy ’t in soad ynsekten lûke. En geskikt binne foar op ’e faas. Aardich dochs om ticht by hûs in bosk blommen plukke te kinnen? Om fuort te jaan of sels fleurich yn ’e hûs te heljen.
Wolsto meidwaan?
No ja, foar ’t it safier is moat der fansels noch al wat barre. Der is in earste ploechje foarme om de groei yn goeie banen te lieden, mar we kinne noch mear hannen brûke!
Hasto belangstelling, lit it witte! Griene fingers binne gjin betingst; deskundige begelieding is oanwêzich. En it measte wurk is ienfâldich (wetter jaan, útbloeide blommen der út, skoffelje tusken de rigen, dat soarte fan dingen).
Hoechst ek net alle wiken yn it spier. We meitsje in app-groep en dogge in oprop at der wurk oan ’e winkel is. Dan kinst mar komme at it dy skikt. Mar der is ek plak foar fanatikelingen dy ’t alle dagen wol oan ’e slach wolle, hear!
Fragen? Belangstelling om mei te dwaan?
Lit it witte oan Anke Meijer of Katja Westra