Ikoan fan Weidum

10 maart 2009

Ikoan fan Weidum

Nei it ferskinen fan de Rûnkranter fan desimber, der´t sa´n moai ferhaal fan frou “Sikke’s Lienke” de Jong yn stie, tocht ik: sy is ien fan de “ikoanen fan Weidum”! Minsken dêr’t jo net omhinne kinne, dy’t in protte meimakke ha en dy’t in foarbyld wêze kinne foar in protte oare minsken. En sa kaam ik, Saco Hemstra, út by Douwe Brandinga. Want wa kin him net, yn it Doarpshûs by de soas. Of kuierjend troch Weidum efter de rollator. Mar hieltyd ree ta in praatsje, en altyd in poerbest sin. Ik socht him koartlyn op want ik woe in protte fan him witte! En ik mocht alle dagen wol komme, as it mar foar tolven wie… Wa is Douwe Brandinga? No, ik bin Douwe Brandinga, fan 7 novimber 1920, en berne yn Langsweagen, gemeente Opsterlân. Werom is it altyd “Douwe”? Ja, dat hat altyd al sa west. Ek yn Hollân. De minsken wisten wol wa’t Douwe wie of Douwe en Els (Saco: Els wie Douwe syn frou, sy is yn 1995 ferstoarn), mar net as se it allinnich oer ’Els’ hiene of oer ’Brandinga’. Ik ha krapoan tsien jier behearder west fan it Doarpshûs en dêr wie it ek altyd: “Douwe, kinne we der jûn noch even yn?” En Douwe is ek koarter as Brandinga. Broers en susters? Ja, wy wienen mei ús sânen: heit, mem en fiif bern. Ik wie de op ien nei jongste, en myn jongste broer libbet noch. It wie kleare earmoed thús! Us heit siet yn de wurkferskaffing en fertsjinne net in protte jild. Ik wit noch dat mem sân potsjes by de doar stean hie, dêr’t se jild yn die. In potsje foar de fersekeringen bygelyks. En dy potsjes waarden alle wiken ophelle. Hjoed de dei is der gjin earmoed mear. Elts hat ommers in dak boppe de holle en jild om hannen. Mar se jouwe it oars út. Wat wie Douwe foar in jonkje? Ha ha, no, ik ha wol wat kattekwea úthelle, hear! Mar dat is ek goed, der moat wat yn sitte fyn ik. Nee, ik wie gjin suertsje! Mar wol braaf nei skoalle west? Ja, oant myn trettjinde ta. Earst de legere skoalle en doe ha ik oardel jier nei de kristlike skoalle op ‘e Gordyk west. Dêrnei koe ik by de boer komme. Ja, ik wie sa dom as wat! Jo binne net boerefeint bleaun. Nee, ik ha twa boeren fan twa jier hân, dêrnei in boer fan sân jier, doe oardel jier yn ’e polder. Yn ’e polder? Ja, ik wie dêr hynstefeint. Prachtich, giest moarns mei trije hynders it lân yn, in boer hie somtiden wol fyftjin hynders op stâl stean. Jo wienen dêr yn de kost? Ja, op sneintejûn hinne, en op sneon wer nei hûs. Op ’e fyts fansels. Op it lêst gie ik op moandei hinne, want doe hie ik ferkearing, no! Ah! Wa hat de earste tút krigen? Ha ha, dat wit ik net mear hear! Mar Els wie net de earste. Ik ha der wol fan preaun! Jo binne net yn ’e polder bleaun. Nee, want doe waard skoanheit siik. Ik bin doe op harren buorkerij kaam en bin dêr oardel jier boere-arbeider west. Mar dat woe ik net myn hiele libben bliuwe en doe ha ik it riden leard by in frachtrider. Letter waarden der yn Hollân minsken frege dy’t “genegen waren alle werkzaamheden te verrichten” en sa bin ik op it suvelfabryk yn Wognum telâne kaam. Dus doe wie Els der al? Ja, ik wie krekt in pear moannen yn Wognum doe’t wy troud binne. Dat wie yn 1949. Mar ik bin earst yn ’e kost west dêr, nei in skoftke is Els ek kaam. We wennen earst yn in wenwein, der wienen gjin huzen te keap! We ha de oarloch oerslein, mar jo wiene doe 19 jier. Net fjochte oan it front? Nee, gjin lêst fan hân. Ik moatst nei Beetstersweach foar de keuring, en dêr stienen we, yn de bleate kont. Draai jim om, sei de dokter. “X-benen!”. Dat fûn ik geweldich spitich, want ik wie graach by it hynstefolk kaam. Dus yn de suvel yn Hollân. Hoe lang ha jo dêr west? Ik bin ein desimber 1954 yn Weidum kaam op it suvelfabryk, dus ik ha mear as seis jier yn Wognum west. Dêr ha ik it suvelfak ek leard. Mar o, o, wat wie ik in domme learling! Ik moast earst by in oar sjen hoe’t dy it die. ‘Melkkunde 1’ koe ik mar net helje, dat gie oer bakteriën. “Man”, sei ik tsjin de baas, “ik ha nea sa’n ding sjoen!” ‘Molkkunde 2’ gie oer it sintrifugearjen en dat wie mear fan de praktyk, dat lei my folle mear. Binne jim fuortendaliks op de Skildyk wenjen gong? Nee, earst yn it hûs fan Albert en Feikje (Saco: Sânpaed 10) en in pear jier letter dêrnjonken, en wer letter op Sânpaed 16. Yn 1966 binne we op Skildyk 3 terjochte kaam, njonken Sikke en Lienke. Hoe seach de earste dei yn Weidum derút? Oh, ik wie dea-ûnwennich! En it wie hjir sa keal. En it stik tusken van der Wal (Saco: dêr’t Wim en Marja van der Laan no wenje) en It Wiel wie altyd stjerrende kâld! Yn Wognum wie it sa gesellich, en as sjauffeur wie it in “vrijgevochten bende”. We dienen ús wurk wol, mar hienen in protte frijheden. Hjir yn Weidum siet ik tusken fjouwer muorren as molkûntfanger en letter as betsjinner fan de sintrifúzje. Dat moast sa wenne! Yn Wognum siet ik tusken de Katoliken, en dy koenen feestfiere! Dêr wie dan ek merke en de boeren wienen dan sa dronken, dat de molke mei wetter dêryn op it fabryk ôflevere wurde! Bin der ek lytse Brandingaatsjes kaam? Ja, earst in famke, yn 1950 en dernei yn 1957 in jonkje. Mar dy wie net sûn, wat mei de ‘alvleesklier’. Hy is berne en stoarn yn 1957. Wie it Doarpshûsbehear wol te kombinearjen mei jo wurk op It Wiel? No, der ha in protte nachten west dat ik it bêd net sjoen ha! Want dan fregen se wol hoe let ik nei it fabryk moast en as dat fjouwer oere wie, dan sletten we de boel om dy tiid. Ik wie miskien wol wat te goed. En ik hie it Doarpshûs hielendal wol ha wold, mar dat woe Els net. En letter woe ik sels net mear, want ik fertsjinne dêr yn 100 oeren wat ik op It Wiel yn 40 oeren fertsjinne! Wa hongen doe altyd yn it Doarpshûs om? Oh, dat wienen Jan en Nico Slachter (Saco: Douwe bedoelt De Groot, mar it wienen de soannen fan slachter De Groot) en Klaas Visser. Sy wienen altyd yn it doarp en organisearren alles. We hienen doe in geweldige jeugd, mar we ha no noch hieltyd in geweldige jeugd! It Doarpshûs is ek fan 1966. Ja, Frans Monsma hat it efkes dien en ik ha it fan him oernaam. Ik wit noch wol, we hienen jûns in feestje by Okkinga fan it wurk, de moarns dêrnei om fjouwer oere yn ’e pikel-kelder op it fabryk en dan middeis de kelder grave fan it doarpshûs. Guon koarren alles derûnder, sa dronken wienen se! It fabryk yn Weidum gong ticht. Ja, ik ha fan 1970 ôf oant myn pensjoen yn 1982 nei Dronryp reizge. Ik hie in auto en naam dan Hessel Rodenhuis en Frans Monsma mei, en letter Theo Westendorp. Ik seach jo letter in protte mei Aant List op it keatslân. Ja, Aant hat my dêr foar frege, ik siet doe yn de VUT. Och, wy wienen it net altyd iens, mar dat hoecht ek net, wol? Noch oare hobby’s hân? Och, ik ha altyd in soad kontakt mei de minsken hân. Ik ha yn it keatsbestjoer sitten en ha it keatsen hjir ek leard. En folleybal fansels, mei Sibe van der Veen en Durk Talsma en Tamme Velstra. En om ’e freed is der noch de soas mei it kaarten. Biljerten ha ik ek in protte dien, mar no net mear. Ik wol net mei de keu troch it lekken, no? Jo ha noch in protte kontakten liket my. Ik sjoch jo op de Merke en sels op Roekrock! Ja, ha ha! Ik krij elk jier netsjes in útnoeging foar Roekrock, dat ha we aanst wer. Giet it gehoarapparaat dan út? Ja, jo heare neat mei sa’n leven. Ik doch se dan meastentiids út, want ast se lûder setst is it ien grutte brij fan lûd. Ik fyn jo altyd sa’n fleurige man! Mar jo ha ek in protte meimakke: de soan ferlern, jo frou is al wei. En jo wurde in dei âlder; it sicht en gehoar wurde minder, der is in rollator oanskaft. Ja no, ik fyn mysels ek wol fleurich. Mar it is wol skande dat ik minder sjoch, benammen binnendoar of as it bûten skimerich wurdt. Mar ik ha mei Smeding praat en miskien is der noch wat oan te dwaan. Mar jo kuierje ek altyd as it hast tsjuster is. Dat hoecht dochs net! Is dat sa? No ja, der is earst oerdei altyd wol wat te rêden hjir. En ik wol de krante noch even lêze. Mar fierder as it Weidumerhout gean ik net mear. De fuotten wolle wol, mar somtiden sjoch ik neat mear. Jo ha de auto fuortdien, mar de fyts stiet dochs noch wol yn it hok? Jawis, en ik hoopje yn ’e simmer ek wer te fytsen! Ferline jier 5000 kilometer en it jier derfoar 6000 km. Ik fyts wol nei Dronryp en nei Wommels, mar sa ticht by it wetter lâns fyn ik net folle mear oan. Ik ha nea swimmen leard! Mar ik bin altyd hiel konsintrearre op ’e fyts. Stel jo foar, jo meie in dei út it ferline oerdwaan. Welke dei wurdt dat dan en wat soe dan oars barre? (it wurdt stil). Dêr oerfal ik jo mei of net? Ik wit it net. Ik ha noch nea in misse dei hân, ik bin sûn, kin mysels noch rêde. No dan, de dei dat ik hjir nei Nij Dekama gien bin. Dat wie yn 2005 mar it hie miskien wol earder moatten. It is hjir prachtich en ik ha ien fan de moaiste plakken yn it hûs. En we hoege neat te dwaan mar krije alles! Nee, ik hoech hjir noch net wei. Mar krije jo wol goed te iten? Ik fyn jo wol slank hear! Altyd al west. Us mem wie 70 pûn! Heit wie wat grauwer. Mar ik bin sa sûn as wat, ien kear blindedarm hân. En de poat stikken op it fabryk. Wat sille jo moarn ris útfine? De wekker giet om tweintich foar achten. Och, dan wat ite, middeis de krante. Ik wit betiden net wat ik doch, mar somtiden doch ik de hiele dei neat! En dochs fleane de dagen om. Ik ferfeel my nea. Boeken, televyzje? Nee, in lêzer ha ik nea west, net in boek yn it jier. En televyzje, dêr is ommers nea wat oan, ja it acht oere nijs miskien. En dan wol ik it waar sjen en dan is it al foarby. Bin ik yn ’e sliep fallen! No Brandinga, myn fragen binne op. We ha in protte by de ein hân fine jo net? Ja, ik fûn it wol gesellich, ik sil nog even kofje sette.