De tsjerken fan Weidum en Jellum

9 oktober 2020

Wizige op 19-10-2020, 09:49:33

De tsjerken fan Weidum en Jellum

Dit artikel giet oer de tsjerkegebouwen fan de gemeente Westerwert; foaral fan Jellum en Weidum. Sûnt minskeheugenis steane de âlde tsjerken grutsk en opfallend yn ús doarpen. De tsjerken yn de doarpen fan de gemeente Westerwert (Jellum-Bears, Jorwert en Weidum) stamje alle fjouwer út de perioade tusken 1100 en 1300. De tsjerken hawwe nei alle gedachten al in eardere, lytsere, foargonger hân. En faak wie it stee fan de tsjerken ek al in plak fan gearkomst foar ús foar-kristlike foarâlden.

Mar tiden hawwe tiden. Wy witte allegear dat it plak fan de tsjerke yn ús mienskippen yn de rin fan de skiednis bot feroare is. De gemeente Westerwert ûnstie yn 1971 út in fusy fan trije gemeenten (Jellum-Bears, Jorwert en Weidum) omdat dy gemeenten net mear selsstannich bestean koene. No, 50 jier letter, is it dúdlik dat it proses fan feroaring fierder giet. Yn de ôfrûne 50 jier hat Westerwert in belied útset om de tsjerken net yn eigen besit te hâlden.
Yn 1975 is de tsjerke fan Bears oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken (SAFT) en yn 1994 de tsjerke fan Jorwert. Yn de rin fan de jierren binne de ek de pastorijen ferkocht, as lêste de pastorij fan Jorwert (begjin fan de 21e iuw). No is de tiid kaam om stappen te setten wat de tsjerken fan Jellum en Weidum oanbelanget.

De tsjerke fan Jellum
De tsjerke fan Jellum is de iennichste tsjerke dy’t net monumintaal is. Dat komt omdat de midsiuwske tsjerke ferlern gien is troch brân. Twa kear sels, de lêste kear oan de ein fan de 19e iuw. Dat is ek de reden dat wy dy tsjerke net oerdrage kinne oan it SAFT. Nei in pear jier fan neitinken en oerlis, is der yn de simmer fan 2020 in oerienstimming berikt mei Eetcafé Jonker Sikke yn Jellum. De eigner sil de tsjerke oanpasse foar hjoeddeistich gebrûk en hat in hierkontrakt tekene foar fiif jier mei de mooglikheid ta ferlinging. Jonker Sikke kin de tsjerke sa brûke ‘voor het organiseren van concerten, theaterdiners, uitvoeringen, recepties, jubilea, huwelijks-voltrekkingen, bedrijfsbijeenkomsten, tentoonstellingen, kleine congressen, colleges en conferenties, met respect voor de geschiedenis van de kerk en de functie van het kerkhof’.
Tagelyk bliuwt de tsjerke yn besit fan Westerwert en kin dy it gebou ek brûke wannear’t dat nedich is foar ‘Rou en Trou’, en foar aktiviteiten fan Nijkleaster. De tsjerkeried is bliid mei dizze ûntjouwing en mei it feit dat de grêfkelder fan Jonker Sikke en syn famylje no ek fûn is ûnder de flier.

De tsjerke fan Weidum
De tsjerke fan Weidum is wer in hiel oar ferhaal. Dizze tsjerke kin it prototype fan in Fryske doarpstsjerke neamd wurde. Hansma skriuwt yn syn boek oer de tsjerke fan Weidum (De Johanneskerk van Weidum, Bornmeer 2015): ‘Wat de kerk echter zo bijzonder maakt is dat de grootste aanpassing, een herinrichting rond 1710, vrijwel ongeschonden de tijd heeft doorstaan en nog steeds beeldbepalend is’.
De tsjerke is dus fan binnen en fan bûten monumintaal. De Stichting Alde Fryske Tsjerken sil dizze tsjerke dêrom fan ús oernimme en soargje foar behear en ûnderhâld. It SAFT freget by elke oername om in serieuze ‘bruidschat’ om dy taak folbringe te kinnen. De finânsjes dêrfoar binne fûn en de gemeente Westerwert sil de kommende 26 jier ek noch finansjeel, substansjeel bydrage oan it behear en ûnderhâld fan de Weidumer tsjerke.
Alle histoaryske ynformaasje oer de tsjerke is te lêzen yn it boppeneamde boek, te bestellen foar € 12.50 by Utjouwerij Bornmeer.

Westerwert en Nijkleaster
De tsjerkegebouwen krije op dizze wize in nij plak yn de mienskip fan ús doarpen. Sa’t de tsjerken fan Bears en Jorwert nije funksjes krigen hawwe, sa ferwachtsje wy dat ek foar Jellum en Weidum. Wy jouwe de tsjerken werom oan de mienskip, mar sille as tsjerkemienskip de gebouwen sels ek brûken bliuwe. De feroaringen markearje en folgje de feroaringen yn de maatskippij as gehiel. Guon fine dat spitich, mar as tsjerkemienkip wolle wy nije spoaren útsette nei de takomst ta. ‘Tsjerke’ is foar ús mear as it tsjerkegebou. Wy binne gjin spesjalisten as it giet om it ûnderhâld fan monumintale gebouwen. De Stichting Alde Fryske Tsjerken is dat wól. Op dizze wize kinne wy ús mear rjochtsje op ús belangrykste taak, nammentlik om der foar minsken te wêzen yn de syktocht troch leauwe en libben.
Wy sykje nije wegen om tsjerke te wêzen en biede in plak oan om dwaande te wêzen mei leauwe, besinning en spiritualiteit. Yn ’e mande mei Nijkleaster neame wy dat: ‘stilte, besinning en ferbining’. Wy hoopje yn de kommende jierren dêrta, neist it gebrûk fan lânskip en tsjerkgebouwen, in moderne kleasterlokaasje te iepenjen op Westerhûs.

De Stichting Alde Fryske Tsjerken nimt de tsjerkhôven net oer. Dy bliuwe alle fjouwer yn besit en behear fan de gemeente Westerwert.

Ut namme fan de tsjerkeried fan Westerwert,
Jelje Koopman (skriuwer)
Harry Kaspers (foarsitter)
Hinne wagenaar (dominy)