Rjocht yn ’t hert

11 oktober 2020

Wizige op 25-10-2020, 13:16:37

Rjocht yn ’t hert

De tafel is kreas dekt, de kersen baarne, de keamer is smûk en it hûs oan kant. Dit wurdt Irene Dorée’s lêste jûn en dy moat bysûnder wêze. Har favoryte film komt op tillefyzje en dêr sjocht se bot nei út. Noch ien kear genietsje, noch ien kear hearlik romantysk swolgje en weidreame. En dan der út stappe. Perfekt. En krekt op dat momint bejout de tv it… Aldergelokst is de teleneedtsjinst der en die stjûre fuortdaliks harren bêste man; Freddie Postuma. En dan komt alles oars. Hoe it ferhaal ôfrint bepale de taslôgers! In demokratyske en muzikale komeedzje yn twa bedriuwen.

Inez Timmer spyle yn mear as 30 musicals en produsearret sûnt 2012 mei in protte wille en súkses, har eigen foarstellings. Yn 2019 hie se har daverjende tv debuut by ‘The Voice Senior’ en fertsjinne se in nominaasje foar ‘Beste Vrouwelijke Bijrol’ yn in Nederlânske musical. Inez is in betûft en alsidig artyste mei in gouden stim en in skat oan erfaring.

Thijs Meester skitterde yn û.o. Elk Sines, De Wylde Boerinne, Master Gysbert, Iepenloftspul Jorwert en Het Kollumer Oproer. Omrop Fryslân engazjeare him as poppespyler en akteur. Thijs is in wier akteartalint en is as sjonger in grutte ferassing. Syn earste solo ,,Mens erger je niet” gie op 23 septimber 2020 yn premiêre.
 

 

www.theaterineziatief.nl
info@ineztimmer.nl
foto en lay-out Wybo Smids