Inez the Battle yn it doarpshûs

15 septimber 2019

Wizige op 05-01-2020, 16:01:59

Inez the Battle yn it doarpshûs

Fol spanning sieten wy te wachtsjen, in lytse 30 minsken, oanskood oan de gesellige bar yn it doarpshûs fan Weidum, rûnom it televysjeskerm, mei dêrop RTL-4.

Us doarpsgenoat Inez Timmer die mei oan it beroemde programma The Voice-senior en wie in dizze sjongers talintejacht troch nei de twadde ronde, dy't op freedtejûn de 13e septimber útstjoerd wurde soe. Wy wien allegearre apegrutsk dat Inez it sa goed dien hie de earste kear; in groepke Weidumers wie sels meiwest nei de opnames yn Hilversum! It like Inez hiel leuk om no mei syn allen te sjen hoe't it fierder beteare soe en dat waard fansels in tige gesellige jûn, mei wat knabbeltsjes en in drankje derby.

Doe 't Inez oan bar wie waard it mûsstil en wy hearden har op fabuleuze wize it nûmer " You don't have to say you love me" fan Dusty Springfield fertolken. Echt prachtich en der klonk dan ek foar har in enoarm applaus nei ôfrin! Grut wie ús ferbazing eefkes letter dat har coach, Angela Groothuizen, dochs besleat dat hja nèt troch gean mocht yn dizze sjongwedstryd! Dêr begrepen wy neat fan fansels en mei in grut bosk blommen yn de hannen waard hja lûd ta sjongd troch de Weidumer mannichte . Foar ús wie hja de absolute winner en wy binne grutsk dat hja toch mar moai de wrâld sjen litten hat hoe't je in top performance delsette kinne!

De filmkes:
Blindaudition:


Knock out: