D’UM

Nijs fan It Nut oktober 2025

26 oktober 2025

Nijs fan It Nut oktober 2025

De simmer is al hast wer foarby, in tiid fan doarpsfeesten en sporteveneminten. Fan beide saken ha we ús part hân. Mei de merke yn july: tema ‘Gangsta Paradise’ en de Jubileummerke ein augustus yn ferbân mei it 100 jierrich bestean fan de merke.
Fansels wie ek de Frouljus PC wer in barren fan formaat. Hast alle Weidumers wiene op ien of oare manier belutsen sadat it wer in ûnferjitlik evenemint wie mei in hiele protte besikers. Op 20 juny is de renovearre tsjerke fan Weidum iepene, fansels mei muzyk fan eigen doarp.

It Nut hat  ek eefkes fakânsje hân, net yn it minst omdat trije fan de fiif bestjoersleden harren tariede moasten op it rinnen fan de ‘80 van de Langstraat’, in Kennedymars fan 80 kilometer yn Waalwijk. Dat sit der no op, de kop kin wer rjochte wurde op lokale drokte.
Op de lêste fergaderingen foar de fakânsje, op 10 juny en 16 july  ha we drok dwaande west mei ûnder oaren de Doarpsfyzje, grien om it keatsfjild hinne en it Doarpebudzjet.
Ek de ûntwikkelings om de yntree súd hinne (dy’t no klear is) ha oan bar west. Op tiisdei 23 september sil de iepening fan de oanlis fan it nije fytspaad offisjeel dien wurde mei minsken fan de Gemeente en de dyk bouwers.
It hat lang duorre en in soad fuotten yn ’e ierde hân mar it is klear en it is hiel moai wurden!

Ynformaasje fan de gemeente wurdt sa folle mooglik dield op de webside fan weidum.eu,  dus we hoopje dat minsken de side sa no en dan ris opsykje. Dêr wurde ek foto’s dield fan gebeurtenissen yn it doarp.

Elts mar wer in protte wille mei de hjerst/winter- aktiviteiten en oant de folgjende Rûnkranter!

Gertjan, Franci, Piet,
Sijtse-Auke en Anton