13 july 2026
Wizige op 13-07-2026, 10:19:31

Goed nijs foar blomleafhawwers: de pluktún achter de tsjerke yn Weidum is wer iepen. Hjir stelst sels in fleurich boeket gear mei biologysk kweekte blommen. Farsk út de tún, ticht by hûs en mei leafde fersoarge troch frijwilligers út it doarp.
De tún is altyd iepen. Der binne snoeiskjerren oanwêzich, dus kinst daliks oan ’e slach. Alles wat yn bloei stiet, meist plukke. Op it boerd yn de tún stiet hoe’tst betelje kinst: mei in QR-koade of fia in oerskriuwing. In bosk blommen kostet 5 euro. Foar bern is der in berneboskje foar 2,50 euro.
Do fynst de pluktún achter de tsjerke, oan de Lytse Buorren yn Weidum. Kom gerêst efkes del, pluk dyn favorite blommen en nim in bytsje simmer mei nei hûs.
De pluktún is in inisjatyf fan Doarpsenerzjy Weidum. De enerzjykoöperaasje set him yn foar lokale enerzjy én foar duorsume inisjativen dy’t it doarp moaier meitsje. Mei de biologyske blommetún draacht Doarpsenerzjy by oan mear biodiversiteit en mienskipsgefoel yn Weidum.