18 oktober 2026

Bêste doarpsgenoaten,
Alle jierren soargje wy as bestjoer, tegearre mei in geweldige groep frijwilligers, foar in spektakulêr echt Weidumer Krystgala. En earlik is earlik: sûnder ús frijwilligers soe dat net slagje!
Liket it dy leuk om mei te helpen de seal om te tsjoenen ta it magyske plak dat it alle jierren wer is? En fynst it gesellich om yn de dagen foar it Krystgala mei-inoar de hannen út de mouwen te stekken én alfêst hielendal yn de krystsfear te kommen?
Help gesellich mei! Stjoer in appke nei Folmer ast helpe wolst: 06-22194056
Alle help is wolkom!
Groetnis,
It bestjoer Wybranda, Leffert, Frederik, Folmer, Yme, Henk-Jan, Aukje, Aaltsje en Ilse