18 oktober 2026

Doarpsenerzjy Weidum bestiet 10 jier.
Meiïnoar wekke wy lokale, griene stroom op. Ek sette wy ús yn foar in leefbere en duorsume omjouwing. It jubileum fiere wy graach mei dy. Elkenien is fan herte wolkom: leden- en net-leden, út Weidum en dêrbûten.
De kommende tiid organisearje wy trije aktiviteiten. Besjoch hjirûnder it programma.
Hoe feroaret ús klimaat en wat betsjut dat foar de manier wêrop’t wy wenje en bouwe?
Op 23 oktober nimt meteorolooch Gerrit Hiemstra dy mei yn de gefolgen fan klimaatferoaring en de kânsen fan klimaatneutraal bouwen. Hy lit sjen wat elke kar fan hjoed betsjutte kin foar de takomst. Wat kinst sels dwaan en hokker gefolgen hat in kar?
Kom harkje, lit dy ynspirearje en stel dyn fragen. Do bist op 23 oktober fan 20.00 oere ôf fan herte wolkom yn Doarpshûs Weidum. De tagong is fergees. Meld dy wol efkes oan fia doarpsenerzjyweidum@gmail.com.
Wa't isolearret, sit der waarm by.
Gemeente Ljouwert oer isolearjen en subsydzjes
No't it bûten stadichoan kâlder wurdt, begjint it stookseizoen wer. Troch te isolearjen hâldst de kjeld bûten en besparrest op dyn enerzjyrekken. De gemeente Ljouwert biedt ferskate subsydzjes om dy dêrby te helpen. Op dizze jûn fertelt enerzjycoach Floor Hartman wêrom't it ferstannich is om dyn hûs te isolearjen, hokker subsydzjes der binne, foar wa't se bedoeld binne en hoe'tst se oanfreegje kinst. Der is ek alle romte om fragen te stellen oer dyn eigen wenning.
Ôffalfrij libjen
Sjongeres Nynke Laverman dielt har ûnderfiningen en ynspirearret
Miskien hast har wolris oer de merk fan Ljouwert rinnen sjoen mei in tas fol potten en pûdsjes. Nynke Laverman en har gesin libje al sân jier hast hielendal ôffalfrij. De grize kontener stiet noch mar ien kear yn it jier by de dyk, ynstee fan twa kear yn 'e moanne. Hoe ha se dat dien? Wêr rûnen se tsjin oan en hokker kânsen seagen se? Nynke fertelt wêrom't har húshâlding dizze kar makke en hoe't se dit praktysk én mentaal oanpakke. Fansels is der alle romte om fragen te stellen.
Oanfang 20.00 oere, Doarpshûs Weidum
Kom harkje, stel dyn fragen en genietsje fan in gesellige jûn.
Fuortsmite? Moai net!
Set it alfêst yn dyn aginda. Op 18 febrewaris komt Repair Café Mantgum foar ien kear nei Weidum. Om 19.30 oere fertelle de frijwilligers wat in Repair Café is. Dêrnei geane se mei dy oan ’e slach. Nim wat mei dat stikken is en jou it in nij libben. Tink bygelyks oan boartersguod, lampen, kofjesetapparaten, kompjûters of audio-apparatuer.
Wy hoopje dy by ien of mear fan ús jubileumaktiviteiten te moetsjen. Oant dan!
It bestjoer fan Doarpsenerzjy Weidum