Yn 't pak slaan

31 maaie 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:52:42

Yn 't pak slaan

Wêr 't in lyts doarp grut yn is; tsjustere, swarte wolken komme der oan, Fryslân wurdt teistere troch ferskate wolkbrekken. Snel! Snel! 
It is tongersdei 31 maaie en de pakjes op it lân fan Cor en Siepie wurde manmachtich oppakt troch helpende hannen, guon yn jurkjes, guon op slippers en guon noch hiel lyts. Joechhei! roppe se at alle pakjes op de karre lizze, út bliidskip klappe de buorfroulju yn 'e hannen.