D’UM

Yn 2026 begjinne mei draven yn Weidum. 

2 febrewaris 2026

Wizige op 02-02-2026, 10:33:32

Yn 2026 begjinne mei draven yn Weidum. 

Yn 2026 begjinne mei draven yn Weidum. 
In sûn en noflik libben kin net sûnder bewegen. No hoechst ek net alle dagen fan de wike in
fanatyk sporter te wêzen. Mar miskien sit der wat tusken yn? Derfoar is der wol in begjin
nedich. Mar hoe begjinst?
Ik soe graach myn persoanlike ûnderfining yn sette wolle foar oaren om te besykjen in begjin
te meitsje mei (hurd)draven. 
Troch alle wiken in oerke mei-inoar te trainen moat it fêst mooglik wêze foar elk om in basis
doel nei te streven. 
10 trainingen mei útlis oer hâlding, bewegingsfoarmen en stadichoan opbouwen fan
kondysje troch ynterfaltraining. 
Alle wiken húswurk om it sels ek nochris te besykje. 
Foar wa: allerearst foar doarpsgenoaten fan 14 jier ôf.
Wannear: woansdei 19.30-20.30 (It doel is begjin maart te starten)
Hoe faak: 10 kear
Wêr: yn Weidum en dêr krekt bûten. 
Kosten: fergees 
Maksimaal: 15-20 persoanen
(soarchje sels foar goed passende klean en hurddraaf/sportskuon)
It is miskien in moai idee earne nei ta te wurkjen, in loopke yn ‘e buert as oar doel? Tink dêr
ris oer nei.
Ik wol it fergees oanbiede mar dêrmei is it net frijbliuwend, we begjinne tegearre en eindigje
nei 10 kear tegearre. 
Opjefte fia mail: jortvanzutphen@gmail.com
Fragen? Sykje kontakt en stel se.
Fol=fol
It soe sa kinne dat ‘begjinne mei draven’ tagelyk falt mei ‘begjinne mei ultradraven’ mar dat is
op foarhân nea te sizzen.