25 april 2025
Wizige op 25-04-2025, 22:48:07
We fiere dit jier de 80-jierrige befrijing fan de besetting troch de Dútsers. Wat hat dy oarlochsperioade foar Weidum en omkriten betsjutten? Yn 1993 lei Aant List yn de Rûnkranter fêst wat him dêr noch fan heugde. Aant List hat jierrenlang ferhalen oan de Rûnkranter oanlevere, meast oer de skiednis fan it doarp, de huzen en de minsken. Hy hat syn hiele libben yn Weidum wenne, yn de oarloch wied er molkrider. Doe wenne er noch by syn heit en mem yn de Kûperssteech dy’t dêr in boerespultsje hiene. Nei syn trouwen waard hy boer op de komelkerij fan syn âlders. (No stiet dêr it hûs fan de famylje De Koning red.)
Yn it begjin fan de besetting barde der yn Weidum noch net safolle. Letter kamen de ûnderdûkers, û.o. de joaden, dy’t by ferkate famyljes ûnderbrocht waarden.
Dútsers dy’t hjir yn it doarp wiene goaiden hângranaten yn ’e Weidumer feart om fisken te fangen. De fisken kamen dea boppe driuwen. Winters goaiden se stokken plat oer it iis nei de einen. Sa brutsen se de poaten en koene se de einen maklik pakke.
In trein fol fee – dy’t ûnderweis wie fan Snits nei Ljouwert – is tusken Jorwert en Bears troch de Ingelsken oanfallen. Se binne der trije kear oerhinne flein en ha him besketten. It wie ferskriklik. We ha der hinne west. De iene man yn ’e lokomotyf wie ferbaarnd troch de stoom dy’t ûntsnapte út de stikkensketten tsjettel. De oare man wie foar in part ferbaarnd. In pear dagen letter, yn ’e Swette by Kiepenburg (dêrt Jochum Rypma wennet en camping De Swetteblom is, red.), is der in boat mei bûter besketten en sonken.
Yn ’e rin fan de oarloch moatsten de doarpsbewenners fan Weidum, Jellum, Bears en Jorwert de telefoankabels fan Jelllum nei Ljouwert der úthelje. Wy moasten dan de kabels opmjitte. Dizze kabels wiene oan mekoar setten mei saneamde moffen. Dy moffen lieten wy efkes falle, sadat se stikken wiene. Sa sabotearren wy op ús manier de boel. Ek moasten we gatten grave oan ’e kant fan ’e dyk, dêr ’t de Dútsers dan yn stean koene om te sjitten.
De brânje waard ek krap, dêrom kapten we beammen. We hiene op in jûn mei in pear mannen ôfpraat om in beam om te seagjen. Mar doe ’t we dêr kamen foel de beam krekt om. Oaren hiene ús foar west. Op de sneintejûns dêrnei ha we fjouwer beammen omseage. Ik brocht it hout mei de wein op ús hiem yn de Kûpersteech. Doe ’t ik mei de twadde weinfol oankaam, wie de earste alwer stellen. Dy jûns waard der oeral yn it doarp seage. Ien fan ús beammen foel op ’e kabel fan de radiosintrale fan Mantgum.
We binne ris in kear troch de Lânwacht ûnder fjoer nommen doe ’t we op it lân oan it wurk wiene. Myn broer en ik wiene yn it hea en we hiene in hynder te lien fan in bouboer. Us heit kaam op ’e fyts werom fan in begraffenis, hy wie drager. De boer fan it hynder fytste mei him op nei hûs.
Doe ’t se by it lân kamen wiene we ynienen omsingele troch de Lânwacht. Se hiene de twa mannen fytsen sjoen en tochten dat de boer in ûnderdûker wie.
Hast wie der in bom fallen op Weidum. In fleantúch kaam fanôf it fleanfjild Ljouwert, mar wie te swier laden mei bommen. Doe liet er ien falle. Dy kaam krekt efter de pleats fan Tysma (it Bumaleen, dêr ‘t no Pier Swierstra buorket, red.) telâne.
Doe kaam de molkestaking. Ik wie molkrider en der kamen mannen by my om te sizzen dat ik net molkride mocht. Ik die it wol want ik wie yn tsjinst fan it fabryk. Doe waard ik tsjinoer de Hanialeane oerfallen troch in stel mannen. Se smieten alle bussen (60) leech op ’e dyk.
De hongerwinter fan 1944 – 1945
De evakuees dy ’t wy by it Beursgebou yn Ljouwert ophellen, kamen út it suden fan it lân. Se hiene somtiden wol fjouwer dagen mei de trein ûnderweis west. Op in kear ha ik in steltsje mei twa bern ophelle. We hiene krekt in baarch slachte en dêrom hie ik in pear woarsten meinaam. Ik ha noch nea minsken sa genietsjen sjoen. De evakuees waarden allegear opfongen yn ’e Ald Skoalle (4=6-winkel) en de herberch (bistro De Vijf Sinnen). Dêr waarden se ûndersocht troch dokter Mantel. As se goedkard wiene brocht ik se jûns fierder troch de gemeente, om ’t ik fergunningen hie om op ’e dyk te wêzen fanwege it molkriden.
Yn febrewaris ’45 wie ik ûnderweis mei minsken nei Baard. Doe waard it fleanfjild bombardearre. Yn Baard sei it skoallehaad dat de minsken dy ’t ik by my hie nei Leons moasten. Ik koe se net bringe want ik moast nei Easterlittens. Dêr moast ik op in ôfsprutsen plak komme, want it Ferset soe wat op myn wein ferstjopje. Wat it wie wist ik net.
Dit wiene wat ferhalen oer Weidum en omkriten yn oarlochstiid.