D’UM

Tjerk Bootsma yn de Johannestsjerke te Weidum

14 desimber 2025

Wizige op 26-12-2025, 13:23:31

Tjerk Bootsma yn de Johannestsjerke te Weidum

Wat wie it kâld bûten mei in hurde wyn, mar wat wie it waarm yn de tsjerke fan Weidum by it optreden fan Tjerk Bootsma! Twa keer 45 minuten koene de besikers genietsje / lûsterje en soms sels meisjonge mei de mooie lieten songen troch Tjerk, die himsels begeliede op gitaar en piano. Nei ôfrin noch even neiprate under it genot fan in drankje, wat fyn dat we dit as tsjerke no ek biede kinne!

Wat in mooi begjin fan de aktiviteiten dy't de tsjerkekommisje Weidum organisearre sil yn de Weidumer tsjerke. Wy sjogge jim graach by ien fan ús folgjende aktiviteiten, dizze is op snein 15 febrewaris 2026 mei Sân man en Sikke