The Gambia

29 april 2011

The Gambia

Yn septimber 2010 kaam der in oprop fan Marja (direkteur fan Zorgmaatwerk) om mei te draaien yn in sûnensprojekt yn Gambia. Dat soe wêze yn febrewaris fan 2011. It doel fan dat projekt is om de primêre soarch fan in oantal regionale kreamkliniken yn Gambia te ferbetterjen en op in heger peil te bringen. Zorgmaatwerk sil dat dwaan yn gearwurking mei Stichting Kambengo. Dy stichting docht mear sûnensprojekten yn Gambia dy't rjochte binne op it oanrikken fan mooglikheden wêrtroch’t minsken harsels fierder ûntwikkelje kinne. Der binne troch de stichting in oantal kliniken opknapt mar om it wurk goed dwaan te kinnen is der trening nedich om de minsken bewust te meitsjen fan harren ferantwurdlikheid yn it ramt fan ûnderhâld en hygiëne. Neist in oantal ferpleechkundigen wie der ek plak foar immen út de ûndersteunende tsjinsten fan Zorgmaatwerk. Dit projekt lokke my wol oan. Ik ha thús om tastimming frege en my dêr nei in posityf antwurd foar opjûn. Nei in drege sollisitaasjeronde bin ik, mei fjouwer kollega's, útkeazen. Dêrneist hawwe Marja en Wim en harren húshalding mei west. Eins wie it oarsom, wy hawwe mei harren mei west. Wim hat dêr de trening fersoarge. Ek wie der noch in freondintsje fan ien fan de bern fan Wim en Marja mei en hienen wy in echte “nanny” om op de bern te passen as wy allegearre oan it wurk wienen. Al mei al in prachtich selskip! Nei ’t it tiim bekend wie binne we mei de tariedings útein set. Ek de faksinaasjes (de earste kear fjouwer tagelyk!) tsjin allerhanne tropyske sykten ha 'k mei tank oan frou Lukkes trochstien; sy hie der wakker sin oan om my lek te stekken. Jo moatte ek in “geïmpregneerde” klamboe mei ha, wat malariapillen, spul tsjin diarree, spul tsjin ferstoppings ensafh. En dan is it yn ien kear safier! Mei in bustaksy fanút Harns nei Skiphol. It begong al goed want we hienen fjouwer oeren fertraging troch in technysk mankemint oan it fleantúch. Dêr ha we ûnderweis gjin lêst fan hân en om in oere as 00.00 stienen wy op Afrikaanske grûn. We hiene in oere ynhelle want der is in oere tiidsferkil tusken hjir en dêr; it is hjir in oere letter. Wy tochten dat we yn in t-shirtsje en in linnen simmerbroekje sa wol it fleantúch útstappe koenen mar it wie kâld en it waaide hurd. We wisten net hoe hurd we ús festje wer oan dwaan moasten. Nei ’t we de koffers ophelle hienen, stienen Marja en Wim en wat Gambiaanske freonen op ús te wachtsjen. En dêr gie it los. De Gambianen woenen mei alle geweld ús koffers nei de auto ta bringe mar wy wienen der al foar warskôge om sels de koffer mar te sjouwen, dat we rûnen allegear oan it iene ein fan ús koffer te lûken en in behelpsume Gambiaan oan it oare ein. It spul yn 'e auto's en doe yn it Afrikaanske tsjuster nei it Palm Beach Hotel, ús ûnderkommen foar de earste wike. It earste wykein moasten wy wat aklimatisearje en wêr kin dat better as oan it strân ûnder in palmbeam? Tusken it aklimatisearjen troch wienen der byienkomsten mei Gambianen en binne we fierder gien mei it tarieden fan de trening. De trening sette útein op moandei 14 febrewaris. De trening waard jûn oan “incharges” fan ferskate kreamkliniken. In “incharge” is it haad fan in klinyk en is faak ek de ferloskundige. De earste dei krigen we fuort te meitsjen mei de Gambiaanske klok, dúdlik net fan Switserske makelij. It doel wie om in oere as njoggen de trening offisjeel te iepenjen. Dêr wienen in oantal minsken foar útnoege fan it Ministearje (of se hienen harsels utnoege..). Dêrnei mei ús allen moarnsite en dan los mei de trening. Dat rûn allegearre wat oars, we sieten om in oere as tolve oan ús moarnsiten, dat ik foel hast al fan de graat. Dêrnei binne we fan start gien mei de trening. Eindoel wie om oan it ein fan de trening ta seis checklisten te kommen. Dy checklisten binne foar de hygiëne en it ûnderhâld foar de ferloskeamer, de ôfdieling, de wachtromte, de wc, de badkeamer en de omjouwing (it sikehûsterrein). De twadde wike soenen we de checklisten “checke” yn de kliniken en sanedich oanpasse. Ek soenen we dêr de pleatslike skjinmakkers trene yn hoe’t se skjinmeitsje moasten en foaral wêrom. De trening bestie út ferskate ûnderdielen. Ut en troch gongen we yn lytse groepkes út elkoar. We dienen oan brainstoarmjen, mindmappe, diskusjearje, presintaasjes jaan, rollenspul ensafh. Al mei al in ynteraktive trening. De Gambianen wienen net wend oan dit soarte fan treningen en fûnen it prachtich. Wy ha ús ek tige fermakke. De lêste dei wienen de checklisten der ek noch, dat de misje wie dy wike slagge! Wy as Nederlanders ha oan ’e ein allegearre in speech holden oer wat we fan de wike fûnen en wat we fan de Gambianen leard ha. Wat ik leard ha is dat ik it knap fyn dat se, ûndanks dat der yn ferskate kliniken mar ien oere deis wetter en stroom is, se de moed der yn hâlde en roeie mei de riemen dy't se hawwe. Oan de oare kant fyn ik dat se harren sels soms ek te maklik ûnder de sitewaasje dellizze, ek as it net hoecht en der wol oplossings binne. De trening wie op moandei, tiisdei, woansdei en tongersdei en waard by in oar hotel as uzes jûn, in kertierke rinnen oer it strân. Alle dagen oer it strân nei jo wurk rinne is ek net ferkeard en nei de trening koenen we noch lekker swimme en efkes genietsje fan it moaie waar. Om in oere as sân jûns waard it hurd tsjuster en kuolle it ek aardich ôf. Dan wie it foar ús ek hast tiid om te iten. We ieten jûns by it hotel oan it strân; faak hin mei rys of patat. De twadde snein binne we nei de Nortbank gien. Gambia is troch de rivier “Gambia” verdield yn twa stikken. It twadde part fan ús projekt soe him ôfspylje op de Northbank, it earmste diel fan it lân. Mei in ôfkarde ferry de rivier oerstekke is ek in ûnderfining op himsels. De sneintejûns binne we oankaam yn ús “guesthouse” yn Farafenni. Fanút Farafenni soenen we de oare deis om in oere as sân yn groepkes fan twa nei de ferskate kliniken ta. We ha dêr by fiif kliniken op besite west. Mar it wie sa mar net moandeitemoarn. It wie dêr tige hyt en de airco wurket net altyd om’t de stroom faak útfoel. Gelokkich wie der in generator mar as dy oansloech, dan wie it krekt as starten der tweintich frachtweinen tagelyk. Dan wie der fan sliepen ek gjin sprake. De generator koe net sa faak brûkt wurde om’t de brânstofprizen dêr wol hiel heech binne (westerske prizen). In waarme nacht dus, mar ik hie krekt de sliep wat te pakken, begjint myn keamergenoat ynienen te razen dat der immen foar it rút stie te loeren. Dat wie ek sa, dat ik der út, mar doe wie de mysterieuze man (of frou) al foetsy. Ik ha de doar doe mar al op slot draaid want dat hie ik blykber fergetten. Doe't we hast wer yn 'e sûs wienen hearden we fan ferskate rjochtingen in alderheislikst ge-âl. Dat hold mar oan en hold mar oan. Dat wienen de oproppen foar it moarnsgebed. Doe wie it ek hast healwei sânen en moasten we der út. De oare nachten wienen in bytsje better, seker nei ’t we wat sliepmûtskes ynslein hienen. Tegearre mei myn kollega Mirjam bin ik de moandeis nei Balanghar setten, mei us sjauffeur Pasonko. Underweis ha we Harold en Titia by harren klinyk ôfsetten en binne we fierder de binnenlannen yngien. Doe't we by “ús” klinyk kamen sieten der al in soad minsken te wachtsjen op help. Ek wie der dy deis in soarte fan konsultaasjeburo, dat it wienen dêr allegearre prachtige swarte berntsjes. Spitich genôch wie de “incharge” fan de klinyk net op de trening west om’t syn heit krekt stoarn wie en dat moast regele wurde. As jo dêr komme te ferstjerren dan lizze jo binnen 24 oeren, of wannear’t se eltsenien berjocht dien ha, ûnder de grûn. Langer kin it eins net duorje, yn ferbân mei de waarmte en de miggen en sa. We ha besocht de “incharge” yn it koart wat oer de trening te fertellen. Doe fregen we him nei wat hy fan ús ferwachte. No, hy woe wol in nije kast en ek wol in nij buro mei stuollen. Dêr koenen wy net oan foldwaan en wy ha foarsteld in slach troch de klinyk te dwaan en dan mei in foarstel te kommen. No klinkt “klinyk” wol hiel grut mar dat foel hjir wol in slach ta. Der wie ien ferloskeamer mei dêrneist in “útsliep- of “bykom”keammerke. Dan wie der noch in ôfdielinkje mei fjouwer bêden en in apteekje. Oan de oare kant wie de wachtromte (in oerkaping) mei de sprekkeamer. Foar us wie dat tige oersichtlik. Der wienen twa “ordly's” skjinmakkers dy't wy leare moasten hoe’t se skjinmeitsje moasten en foaral wêrom! Lyts swierrichheidsje wie hjir dat dy beide minsken gjin Ingelsk koenen en ús Gambiaansk wie yn ien wike ek noch net folslein ûntwikkele, mar mei hannen en fuotten en wat tekenjen komme jo in hiel ein. We binne op de ferloskeamer begongen, dy wie smoarch. Op de muorren en de flier bloed en oare minslike ôffloeiïngs. We hienen de Gambianen samar yn it spier. We ha de boel leechhelle en skjinmakke, we ha songen en wille makke dat dit wurke as in tierelier. Nei de ferloskeamer, it bêd en de ynstruminten ha wy de oare keamers oanpakt. It tempo ha we nei it earste oere wol wat oanpast oan it pleatslike klimaat. Jo begjinne fol fjoer mar mei temperatueren fan boppe de 40 graden leare jo dat gau ôf. Tidens ús ferbliuw waard der ek noch in âlde man op in ezelkarre ynbrocht. Dy man wie slim siik. Wy wienen wakker grutsk op ús skjinne bêden en ha de man der op lein. Dat duorre net lang want hy moest der wer ôf, waard yn in rolstoel setten en nei bûten brocht en yn de baarnende sinne delsetten mei in doek oer de holle. Ik ha him doe mar wat yn it skaad riden. Nei in skoftke is de man ôffierd, no mei in karre mei twa oksen der foar. Der kaam ek noch in mem mei in jonkje fan in jier as acht op 'e rêch. Dat jonkje wie slim siik en is spitigernôch stoarn doe't wy der wienen. Dat binne heftige dingen en ik ha op dat stuit wol besocht om net te bot by de realiteit stil te stean want dat makket it hiel lestich om dêr te wurkjen. Gelokkich wienen wy mei in grutte groep en dan kinne jo it der nochris oer ha. Probleem is dat minsken faak (te) let nei in sikehûs brocht wurde om’t se tinke dat jo yn in sikehûs dea geane. No is dat faaks ek wol sa mar dat komt krekt om’t de minsken sa let nei it sikehûs ta geane. Hoe ferbrekke jo sa'n sirkel? De twadde dei hawwe Mirjam en ik nei in klinyk yn Kahur west. Hjir wienen wy troch de “incharge” útnoege. Foardiel foar ús wie, tochten wy, dat dizze “incharge” de trening wol folge hie en dat hy hiel entûsjast wie om ús te ûntfangen. It wie dêrom tige frjemd om der achter te kommen dat hy der net wie en ek net komme soe. Wy waarden wol hertlik opfongen troch syn ferfanger mar we sieten doe wer mei itselde dilemma; net immen oanwêzich dy't de trening folge hie. Nei de rûnlieding snapte ik wol werom. Hy hie de saakjes lang net op oarder. It wie in gaos en it wie o sa fiis. Dizze klinyk wie folle grutter. De trije hurde wurkers yn Balanghar Der wienen ferskate ôfdielings. Sa wie der bygelyks in TBC-ôfdieling, in Aids-ôfdieling, in each-ôfdieling ensafh. De kreamôfdieling bestie út trije bêden. Op twa leinen froulju te befallen. Privacy ha se dêr noch nea fan heard en it fielt ek, op syn sachtst sein, nuver om by dy froulju om te skarreljen, mar it skynt dêr hiel normaal te wêzen. De moed sakke my dêr in bytsje yn de crocks en we wisten efkes net wêr’t we earst en lêst begjinne soenen. Al mei al lei der wol in hiele grutte útdaging te wachtsjen mar we hienen mar ien dei! Ta eintsje beslút ha wy in ferpleechôfdieling ûnder hannen nommen. Ta ús grutte ferbazing lei hjir de man dy't de foarige deis mei ezelkarre oanfierd en mei de oksekarre wer ôffierd wie oan it ynfús. Hy werkende ús en glimke nei ús. De oare pasjinten waarden der út reage en sa koenen wy oan de slach. Hjir wie mar ien skjinmakker mar hy koe wol Ingelsk. Ek him ha wy útlein wêrom’t hygiëne wichtich is, seker wannear’t jo siik binne. Ek de hûnen, katten, skiep, geiten en sels ezels dy't der yn en om it sikehûs skarrelje drage net by oan in goede hygiëne. We binne dus wer oan de slach gien. Nei in oerke binne we der mei ophâlden om te determinearjen wat fan minslike substânsje we no wer fan de muorren skraben, it wie allegearre fiis. Nei’t we de ôfdieling hjir skjin hienen binne we wer nei Balanghar gien en dêr ha we noch de apteek op oarder brocht. De woansdeis binne wy by alle kliniken op de Northbank lâns west dy't ek oan de trening mei dien hienen. Sa koenen wy ek moai sjen wêr’t ús kollega's west hienen. Der sieten grutte ferkillen yn de kliniken kwa grutte en foaral hygiëne. Wol wie it moai om te sjen dat eltsenien drok dwaande wie om skjin te meitsjen en op sommige ôfdielings glom it as in ikeltsje. Doe moasten we wer werom nei it oare part fan Gambia. Mei de ferry. We koenen der as ien fan de earsten op. Us beide auto's koenen noch krekt mei. Op in stuit fûn ik dat der wol genôch minsken op sieten mar doe gongen de tagongsstekken pas goed iepen. Tiid foar “ûntspanning” Kloften minsken kamen der oan draven en sprongen en klommen op it skip. Ik siet by in flotsje en hie al ris besjoen hoe’t dat ding fêst siet. Doe't we dan echt fol wienen kaam der in ambulânse mei in razende sirene oan fleanen. Dy moast der ek noch op! In soad minsken der ôf, ien fan ús auto's der ôf, ambulânse der op en farre. De âld boat steunde en kreunde mar farde troch en sa berikten we feilich de oare kant. De tongersdeis ha wy noch in hiele grutte klinyk besjoen yn Serekunda. Hjir wurken ek minsken dy't oan de trening mei dien hienen en we krigen in rûnlieding. Ek hjir skarrelen we tusken de froulju dy’t befalle moasten troch. Hjir waard my ek in popke fan noch gjin 24 oeren âld oanbean. In prachtich famke mei in kop fol krullen en grutte brune eagen. De mem smeke my om har mei te nimmen, mar ja... We ha der ek mei in Nederlânske ferloskundige praat. It die bliken dat in soad froulju besnien binne. Dat mei net mear, mar wurdt wol dien, stikum, faak troch de beppe. By in befalling jout dat grutte komplikaasjes foar mem en bern. Tagelyk mei de minne hygiëne soarget dat foar in sterk tanimmend stjertesifer by likegoed baby's as kreamfroulju. De freeds koenen wy noch wat bykomme op it strân en de jûns binne wy wer op it fleantúch stapt. Moarns om in oere as healwei seizen kamen wy wer oan. Hjir stienen kollega's mar ek Wybo, Annemiek en Johan ús op te wachtsjen. Al mei al in ûnferjitlike ûnderfining. Boppesteande is mar in lyts part fan alles. De Gambianen ha folle fan ús leard, mar wy seker net minder fan harren. Jo ferwachtsje fan de iene ferbazing yn de oare te fallen mar hoe nuver as it ek is, jo passe jo sa oan en dogge gewoan mei oan it deistige libben. Ek fine jo it net frjemd om mei 13 man yn in hiel âld buske te sitten mei alle bagaazje op it dak fêstbûn en sa nei it fleanfjild te hobbeljen. De twa wiken binne omflein. Yntusken ha we de evaluaasje hân mei us groep, mar ek mei alle kollega's. It plan is wol om in ferfolch te jaan oan dit projekt. Mar hoe’t dat der fierder út sjen sil is noch net dúdlik. Faaks in twadde trening yn febrewaris 2012? Sijtse-Auke Flapper