Slachtemaraton 2016

20 july 2016

Slachtemaraton 2016

Sa’n 15.000 minsken hiene har opjûn foar de Slachtemaraton op 4 juny. Earst gongen de  hurddravers op wei en dêrnei de rinners foar de 42 kilometers tusken Easterbierrum en Raerd. De tocht, dy’t yn it jier 2000 foar it earst organisearre waard (as ûnderdiel fan Simmer 2000), fierde syn earste lustrum. Foar de fyfde kear koene leafhawwers fan draven en rinnen genietsje fan in feestlike tocht. Op ferskate plakken ûnderweis wie wat te rêden: kuenst, kultuer, muzyk. Ek wiene der noflike oases dêr’t je lekker efkes bekomme koene. Fansels kuieren ek minsken út Weidum, Jellum en Bears mei. Wat ha dy dielnimmers belibbe en hoe hiene se harren taret?
Hjir harren ferhaal.

It foel noch net ta diskear!
It wie waarm en tochtrinners hawwe ornaris leaver wat koeler waar. Je rinne je ommers wol waarm. Underweis hiene de EHBO-posten it drok mei it trochprikken fan de blierren. Tjitske van der Meer hie dêr noait lêst fan. “Mar diskear sieten der dochs trije,” seit se. In petsje op ‘e holle as beskerming tsjin de sinne, wie gjin  oerdiedige lúkse en fansels goed drinke. “Ik makke myn pet ûnderweis regelmjittich wiet”, seit Wilma van der Gaast.
Sy rûn de tocht mei Griet Terpstra en Mieke Aalberts.
“Ik die foar it earst mei. Myn freondinne en ik ha rêstich oan dien”, seit Hetty Grooten, “sa wie it goed fol te hâlden.”
It is fansels gesellich om meielkoar te rinnen. Mar om mei in groep ôf te praten foel diskear net ta om’t by de opjefte mar twa kaarten tagelyk besteld wurde koene. Sjoerd en Sepkje van der Vegt rûnen dêrom tegearre. “Mar wy ha genoaten”, seit Sepkje, “wy koene ûnderweis moai foar in pear wiken byprate, alhoewol, de lêste kilometers hiene wy sawol letterlik as figuerlik net safolle mear te fertellen.” It slagge Truke  Zeinstra ek net om mei de hiele groep fan tsien tagelyk te rinnen. “Tusken de starttiden siet wol in romte fan twa oeren,” seit se. Rinne is foar Dieuwke de Haan ûntspanning. “De holle leech meitsje. Dat doch ik graach allinne, mar foar de Slachte hie ik in maatsje fûn. De tocht fan 2016 wie in revanche foar 2012. Doe gong it oer fanwege rêchklachten.” Tjitske van der Meer, dy’t altyd mei har mem rint, woe de tocht noch ien kear dwaan. Krekt oarsom as yn 2012. “Us pake fan 80 gong ek mei. Spitigernôch moast hy der nei 24 km. mei ophâlde. It soe oars syn fyfde kear west ha”.

Fansels moat der oefene wurde foar sa’n lange tocht.
Dat ha de measten ek wol dien. Leafst mei drûch waar. Mar Steven en Tineke Duursma rûnen ek mei min waar. “Pland is pland”, fynt Steven. Sy diene foar de tredde kear mei. “Wy binne foar de tocht fan 2004 begûn mei it Pieterpaad en yn 2012 en fan ’t jier ha wy ús tochten fan 10 oant 15 km. stadichoan opfierd oant 40.”
Corina Punter oefene twa à trije kear wyks. “Ik begûn mei 6/7 km. en dan hieltyd sa’n 2,5 km derby. Ik ha de Lytse Doarpentocht rûn fan 25 km. en ik ha sels ek noch in stik as seis rûtes útstippele.”
Truke mei graach rinne. “It is ek de iennichste sport dêr’t ik oan doch. Ik ha noch gjin inkele Slachtetocht mist.” It doel wie om diskear ek wer mei man en bern te kuierjen. Wa hie tocht dat Piet der net mear by wêze soe? “Ik ha sûnt jannewaris sa’n 300 km. rûn. Dat hat my goed dien. It makket de holle leech. Mar ik ha nea fierder rûn as 25 km. en it lêste ein is dochs it dreechste!”
Hetty fynt dat se te min oefene hat. “It falt noch net ta om dêr tiid foar frij te meitsjen,” seit se. “Myn nije rinskuon ha earst te lang stilstien troch de  kjeld en de rein. De lêste wiken ha ik mear rûn, waar as gjin waar.”
Marten Swierstra hie ek net folle oefene. “Dy iene kear dat ik dat al die hie ik flinke blierren.” Mar hy doarst it wol oan en gong mei freondinne Grietje Meulenaar en skoansuster Ruurdtje Anema op stap. Op nije rinskuon. Grietje en Ruurdtje hiene wol aardich wat kilometers yn ‘e fuotten foar’t se oan de tocht begûnen.
Wilma wie eins net fan doel om de Slachte wer te rinnen. Nei de earste tocht yn 2000 fûn se it wol bêst. “Mar ik rin no al hast twa jier ien kear wyks in blokje om mei myn fêste rinmaten. Myn maatsjes hiene al meardere kearen oan de tocht meidien en sy ha my oerhelle om der diskear ek wer by te wêzen.”
Foar Sjoerd van der Vegt is rinnen in hobby. Foar Sepkje minder. “Mar it is moai dat we dit tegearre dogge. It is in moai evenemint wêrby’t it liket oft hiel Fryslân op ’e kop stiet,” seit Sepkje.
Dieuwke en har maatsje gongen op moandeitejûn altyd in pear oeren op stap. “Mar wy heakken ek wol oan by in ploech yn Grou. Dêr organisearren se om ‘e wike in tocht. Hieltyd wer in oare rûte en altyd in stikje fierder. “
“Allinne as it reinde oefene ik net”, seit Tjitske. “Hurde wyn is gjin beswier. Ik harkje graach nei muzyk as ik rin. By de Slachte hearde ik ferskate kearen: dêr ha je harren ek wer mei dy muzyk.”

Der falt fansels hiel wat te belibjen ûnderweis.
“It wie in waarme, mar prachtige tocht. En dy waarmte hie my wol wat yn ’e macht. Mar al dy minsken dy’t jo oanmoedigje, geweldich”, fûn Wilma.
Troch de seare heup fan Corina wiene de lêste kilometers swier. “De oanmoedigings yn Easterwierrum fan bekenden diene my goed. Ik ha de dei goed meinaam. Ik die der 11 oeren oer.”
Marten hat de hiele dei genoaten. “Wat in prachtich barren. Je  moetsje bekende en ûnbekende minsken. Je genietsje ûnderweis fan alles wat je sjogge, likegoed natuer as kultuer. We ha in protte wille hân mar ek stille mominten meimakke wêrby’t we genôch oan ússels hiene. En wat in frijwilligers binne der yn ’t spier. Dat allinne is al bysûnder. Fryslân op syn bêst.”
Sjoerd en Sepkje hiene oan 7,5 oeren genôch. “Underweis hie Sjoerd syn telefoan ferlern”, fertelt Sepkje. Ik belle mei myn mobyl nei syn nûmer en der waard ek noch opnaam. “Mei Sjoerd”, hearde ik oan de oare kant. Ik tocht, ien of oare grapjurk en ik besocht hiel serieus om dy oare oan it ferstân te bringen dat it Sjoerd syn telefoan wie. Mar de grappen fan de oare kant holden oan. Doe’t ik myn mobyltsje op de speaker sette, hearde Sjoerd dat it syn omke Wybren wie dy’t in pear hûndert meter achter ús rûn. Wol hiel tafallich dat hy dy telefoan tusken al dy 15.000 minsken fûn hie.”
Hetty hie in winskflachje mei: “Ook met kleine stapjes kom je er wel.” Se is grutsk dat se de tocht útrûn hat.
De bus dêr’t Dieuwke yn siet om nei de start brocht te wurden wie lang ûnderweis. “De sjauffeur wie hjir net bekend. Hy ried út Raerd wei dwers tsjin it ferkear yn dat dûbeldik ús kant op kaam. De minsken yn ’e bus mar roppe dat er achterút moast, mar dat hie er net yn ‘e holle.  Doe’t er fêst kaam te sitten moast er dochs noch keare. Foar de Blauwe Tinte wie it wer ho om’t de bus mar piipjen bleau nei dat achterút riden. Gelokkich koe in passazjier him helpe om dat yrritante lûd út te skeakeljen. Al mei al hat it ús wol in healoere koste.”
Mei safolle minsken ûnderweis is in sanitêre stop soms in hiel oeheden. Lange rigen foar de húskes. Dieuwke laket: “Der rûn in frou mei dy’t in ôfknipte kechupflesse by har hie. Dy brûkte se om yn te pisjen om sa net achterop te reitsjen. Wy ha smaaklik lake om har ferhaal. Hoe’t se it hat, wy witte it noch hieltyd net.”

Wat makke de tocht fan 2016 no sa bysûnder?
It grutste part fan de rûte giet troch it frije fjild. De rinners komme mar yn in pear doarpen. Nei Easterbierrum komme je allinne troch Achlum, Reahûs en Easterwierrum foar’t je yn Raerd oer de finish geane.
Yn Easterwierrum waard net allinne foar drinken foar de dielnimmers soarge, nee, it wie dêr ien grut feest, mei in wolkomstbôge, muzyk fan it korps, optredens fan de Berne Iepenloftspilers, in brulloft ensfh. Troch it moaie waar sieten de minsken noflik bûten en wie it alles bymekoar in kleurich skouspul.
Corina fûn de fersierde dykfakken ûnderweis hiel moai, mei flachjes (makke troch bern) en de reade skuon op stokken by Reahûs. “Folle muzyk ha ik net heard: meastentiids wie it krekt skoft of in wikseling fansels. Wol yn it begjin, yn Boazum en by de rotonde Boazum/Easterwierrum wie leuke blaasmuzyk. Dat pept je dan krekt wer efkes op.”
“Fan muzyk en kultuer ûnderweis ha wy net folle mei krigen,” sizze Dieuwke en Wilma beide. “De keunst is ús net opfallen op in pear seilen en kij nei. Yn de doarpen sels, mar ek ûnderweis, wiene de aktiviteiten allegear al achter de rêch. Dat is spitich fan sa’n lette starttiid. De oases, benammen dy yn Boazum, wiene prachtich oanklaaid. En ek hiel gesellich om even te sitten. Dêr wie noch wol muzyk mar fan lang sitte wurde je stiif, dus gau wer troch”, fertelt Dieuwke.
“Om 19.30 oere hinne wiene wy werom yn Raerd. Dêr wie Ait Jan mei in bosk blommen en Sietse Jan stie op de finish te wachtsjen. Wat in leuke sfear wie it dêr en prachtich om yn it hert fan it doarp te finishen.”
By alle dielnimmers dy’t hjir oan ’t wurd kamen stiet no Slachteblokje nûmer fiif te pronk.
Petsje ôf foar jim prestaasje.

Janny Bottema.