SIN(NE) YN WEIDUM

29 desimber 2019

Wizige op 30-12-2019, 09:59:01

SIN(NE) YN WEIDUM

It sinnepanielenprojekt fan de enerzjykoöperaasje giet troch!
Begjin 2020 lizze wy 220 sinnepanielen op it dak fan in pikestâl op It Wiel.
De panielen wurde beskikber steld foar alle Weidumers om der yn diel te nimmen.
Dielnimmers besparje op de stroomrekken en drage by oan de enerzjytransity.
Yn jannewaris 2020 kinne alle Weidumers ynskriuwe. 

De enerzjykoöperaasje fan Weidum en Jarig Boersma fan It Wiel binne it iens wurden dat de koöperaasje 220 sinnepanelen op it dak fan ien fan syn pikestâllen lizze mei.
Dus binne wy úteinsetten mei it opstellen fan de subsydzje-oanfragen en de tariedende ûndersiken. Dêr helpt it advysburo Ecoop ús mei. Sy binne tige thús yn de prosedueres dy’t trochrûn wurde moatte om alles foarelkoar te krijen.
Binne jo ynwenner fan Weidum, en kinne of wolle jo gjin sinnepanielen op it eigen dak ha dan kinne jo ynskriuwe op dielnimmerssertifikaten fan ien of mear sinnepanielen. Fan de stroom dy’t de panielen opwekke krije jo 15 jier lang de enerzjybelesting werom. In paniel op it dak fan Jarig kostet ûngefear € 250,-  mar jo kinne al meidwaan fanôf € 100,- per paneel. De rest fan de kosten skriuwe jo ôf oer deselde perioade fan 15 jier.
Sa drage jo by oan it ferduorsumjen fan de enerzjyopwekking yn Nederlân. De belesting dy’t jo weromkrije is heger as de ôfskriuwing dy’t jo betelje moatte, dus finansjeel is it ek noch foardielich. Grif foardieliger as jild op de bank. Om mei te dwaan is it net ferplicht om stroom en gas ôf te nimmen fan de enerzjykoöperaasje, jo hoege net oer te stappen. It makket it jo wol makliker.

Begjin jannewaris krije alle húshaldingen fan Weidum in flyer yn de bus mei mear ynformaasje oer de opset, kosten, opbringsten en risiko’s (want dy binne der ek).  In pear wike dêrnei hâlde wy dan in ynformaasjejûn yn it doarpshûs. Dan start ek de ynskriuwing.

Wy hoopje dat jim meidogge.
It bestjoer fan de enerzjykoöperaasje.