Rommelmerk: Deco mei duorsumens & recycling

15 febrewaris 2023

Wizige op 15-02-2023, 15:23:28

Rommelmerk: Deco mei duorsumens & recycling

WEIDUM – Dyn thús hielendal deco mei duorsumens & recycling, fûn op de Weidumer rommelmerk. 
Dat kin op sneon 1 april wer yn it Doarpshûs fan Weidum.

Snypsnaren, brocante, emalje, diggelguod, boeken, boartersguod, antyk, vintage, nostalgysk, hip en retro: Slaan dyn slach en helje de bêste oanwinsten yn 'e hûs foar in habbekrats. Fansels is der ek farske kofje en binne der foarjiersplantsjes te krijen. Boffertjekream De Boer is der foar de lekkere trek.
De organisaasje is yn hannen fan Muzykferiening Harmonie Weidum, dêr’t de opbringsten ek hinne geane.

Kom op 1 april tusken 9.30 en 12.00 oere nei it Doarpshûs fan Weidum

.