25 april 2026

De nije Fryske keuken
It doel is dat op it WeidumerHout tenei betelber, lokaal en goed iten, sûnder babbelegûchjes op ’e kaart stiet. Gjin kastomaten yn de winter of fisk út Vietnam, mar produkten út eigen omkriten en fan it seizoen. De nije eigner fan it WeidumerHout, Christophe Meijer, rekke ein 2025 oan ’e praat mei sjef-kok Albert Kooy en frege him om advys: “Wat past by dit restaurant dat midden yn de Fryske greiden leit?” Neffens Kooy is it WeidumerHout in gouden plak dat in lokale oanpak fertsjinnet. Menu’s oanbiede mei produkten lykas: roggebrea fan de pleatslike bakker, fisk fan de iennige fisker út de omkriten en fleis fan de keurslachter in pear kilometer fierderop.
Op freed 27 maart waard it hotel/restaurant, nei in subtile metamorfoaze, iepene troch wethâlder Abel Reitsma fan de gemeente Ljouwert. It WeidumerHout wie Reitsma al bekend mar yn de ferkiezingstiid waard hy dêr nochris ekstra mei de noas op drukt. Wêr’t er ek kaam, dêr dûkte it op. Op folders, yn kranten, op sosjale media ensfh.
De offisjele iepeningshanneling wie it oanstekken fan it fjoer yn in skaal as symboal foar it fjoer yn de keuken dat wer opstookt wurdt om gerjochten mei in typysk Frysk aksint ta te rieden. Lokaal, duorsum en foaral lekker.
Christophe sei it sa: “Dat wy hjir allegear steane komt omdat we ite. Sûnder iten kin in minske net bestean.
Wy drage dêr oan by mar servearje fan no ôf oan wol iten dat past by dizze pleats, by dizze grûn en foar elkenien. Benammen foar de minsken út ’e omkriten; de Friezen, mar fansels ek foar de toeristen. Want sis no sels: as je bygelyks op fakânsje yn Itaalje binne en je krije de gelegenheid om te iten yn in typysk Italjaansk restaurant, dan kieze je dêr dochs foar? No, sa sille de toeristen dat hjir sûnder mis ek wurdearje.”
Oan it entûsjasme sil it net lizze. De eksploitanten ha der sin oan, binne gastfrij en ûntfange harren gasten hertlik. Elts is wolkom foar in lekker diner, lunch of gewoan in bakje kofje of drankje (mei wat lekkers!) as je rinnende, op ’e fyts of oars ûnderweis binne en efkes oanstekke wolle. Mar dat jildt ek foar gasten dy’t oernachtsje wolle, in feest jouwe of in byienkomst organisearje.
Wy winskje harren sukses!
Mariska en Janny