Restauraasje tsjerke Weidum

31 jannewaris 2024

Wizige op 31-01-2024, 12:42:05

Restauraasje tsjerke Weidum

Johannes tsjerke Weidum
Boubedriuw Sytse vd Vegt is yn opdracht fan eigener Stichting Alde Fryske Tsjerken úteinset mei de restauraasje fan de Johannes tsjerke. De restauraasje fan de saneamde 'dames- en herenbanken' en de flierren en balken dêr't se op steane. De helte fan de paneling oan de noard- en súdkant wurdt restaurearre. It reparaasjewurk wurdt dien yn de wurkpleats vd Vegt yn Weidum.
Sa'n 50% fan it gipswurk moat ferfongen wurde, ek yn de foartsjerke. Yn de tsjerke binne steigers pleatst om dat mooglik te meitsjen
Yn de foartsjerke komme in wc-ienheid en in pantry. Dizze komme yn in 'sieraaddoos' en de pantry krijt in útgongsluk yn de hal. Twa ambachtlike meubels dy't mei it bysûndere meubilêr yn de tsjerkeseal út 1708 in bysûndere laach fan tiid taheakje oan de tsjerke.
Yn de tsjerke wurdt in nije sintrale ferwaarming oanlein
As it meubilêr weromkomt, wurdt it wer yn de waaks set

Men ferwachtet dat se ein maaie/begjin juny 2024 klear binne mei de restauraasje

Kommisje Johannestsjerke Weidum:
Eelke Sytse, Franci, Klaes, Lucy