RAMSK yn finale van LIET 2010

18 maaie 2010

RAMSK yn finale van LIET 2010

De sjuery fan Liet 2010 hat tsien finalisten selektearre foar de finale fan dit alle jierren weromkearend Fryske sjongfestival. De finale is dit jier op sneon 22 maaie yn De Harmonie yn Ljouwert. De ôfrûne moanne hawwe fiif foarrondes plakfûn, dêr’t mei-inoar 38 bands en solo-artysten oan meidien hawwe. Ut in grut ferskaat oan muzykstilen hat de sjuery besteande út Geertrui Visser, Meta Witkamp, Hedser Tijtsma en sjueryfoarsitter Frits Sieswerda de folgjende kar makke: Harren kar foel op: - Louiza Saitova - Fjoerich Famke - Carla de Wal - Equal Souls - Carolien Hunneman - NNB - The Oak and the Ash - Van Geeft ‘m - Ramsk - Nynke en Wiljo.