Promoasje Tynke Toering

11 augustus 2011

Promoasje Tynke Toering

Yn it wykein binne we hast nea thús. Binne we dat al in kear, rint der in frjemde postrinner bij ús troch de strjitte en siket allinich mar nei ús hûs. It blykt in goede kunde te wêzen: Feikje Toering, âld kollega fan ús skoalle. Se woe wat by ús troch de doar goaie, mar dêr diene we dy al iepen en sa krigen we in praatsje mei har. Se hie in útnoeging by har fan dochter Tynke. Wy, Sytske, myn frou en ik waarden útnoege om nei de iepenbiere ferdigening fan har proefskrift te kommen op de Ryksuniversiteit fan Grins en wol op woansdei 11 maaie 2011, middeis om 14.45 oere. Op in rêstiger moment ha ik alles der nochjris by pakt. It gie troch myj hinne, dat it tige aardich is om dyn master fan de basisskoalle út te noegjen bij sa’n ferdigening. Dat hie ik noch nea meimakke en fûn eins wol dat ik der efkes hinne moast. Om’t ik wist dat Lodewyk en Baukje ek in útnoeging krigen hiene, ha ik mar ris mei harren skille om te freegjen of sy der ek hinne giene en of it ek aardich wie meielkoar te riden. It die bliken, dat Lodewyk wol graach woe, mar dy middeis in net te missen gearkomste hie, ek Sytske koe dy middei’s net en sa binne Baukje en ik dy woansdei yn Baukje har auto mei myn Tomtom ôfset net Grins. Aardich kletsend wiene we samar oan de bûtenkant fan Grins en fierder brocht de Tomtom ús moai troch allegearre ienrjochtingsferkearsstrjitten nei ús ûndergrûnse parkeargaraazje. Nei in ekstra rûntsje fan Baukje fûnen we de yngong fan de garaazje ek noch. (Der wie in plein fol merke-attributen. Dy hiene ús oandacht te folle lutsen.) Sa binne we nei de universiteit rûn en dêr waarden we nei in moai beskilderde seal stjoerd fol mei famylje, kennissen, freonen en freondinnen. Nei in skoftke moasten we allegearre stean en kaam de hiele groep hege professoren, klaaid sa as jim op plaatsjes altyd sjogge, deryn. Dêrnei kaam Tynke tusken har broer Jaap en in stúdzjefreon de seal yn. Alles gie hiel formeel. Hiel aardich om soks ris mei te meitsjen. Tynke moast har proefskrift mei as titel: Self-regulation of learning and the performance level of youth soccer players, ferdigenje. Se hat dêrfoar Psychology en Bewegingswittenskippen studearre. En dan ek noch hast alles yn it Ingelsk. Mar goed dat se froeger by ús op skoalle dêr in basis fan meikrigen hat, oars wit ik it net... Se hat de hege hearen, yn kreaze wurden, antwurde op de har stelde fragen. Dat gie earst yn it Ingelsk; in hiele aardige Noarske pommerant stelde dy fragen. Dêrnei gyng it ferhaal oer yn it Nederlânsk en sa koe ik der ek mear fan begripe; it is dochs in ûnderwerp dat jo net alle dagen oan de itenstafel of earne oars beprate. Yn in frije sfear waard alles bepraat en der waarden rake dingen sein, mar der waard ek lake. It komt der op del dat jeugdfuotballers en trainers har rjochtsje moatte op sterke en swakke punten en dan moatte se dêrby de doelen oanpasse. De trainers moatte dan de spilers de romte jaan om sels nei te tinken en net alfêst de oplossing jaan. Under in hapke en drankje ha ik dêrnei noch mei in pear oare âld-learlingen praat: de suskes Groen, Sanne Hiddema (dy’t it prachtige omslach fan Tynke har boek makke hat), Sanne Hoekema, Tryntsje Swierstra en Janneke de Boer. Nei in skoftke ha Baukje en ik ôfskie naam en binne wer mei har auto en myn TomTom nei hûs ta gien. We hiene in ûnferjitlike middei hân. Tynke tige tank foar dizze moaie middei en ik winskje dy nei dizze geweldige prestaasje in hiele goede takomst ta! Master “Oord” Dit stie noch op de râne fan Tynke’s útnoeging, skreaun troch Marilyn Monroe: I don’t mind living in a man’s world as long as I can be a woman in it !!