Presintaasje nije boek en útjouwerij Janneke de Boer

26 septimber 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:42:19

Presintaasje nije boek en útjouwerij Janneke de Boer

Om har dream wier te meitsjen, hat Janneke de Boer Utjouwerij De Boekebei oprjochte. It earste projekt fan dizze útjouwerij is Geheimen út 'e Boskberch; it ferhaal oer de alder-, alder-, alderlêste bij fan hiel Fryslân, mei karakters makke fan recycled materiaal, foto's fan Piet Douma en eigen yllustraasjes.

De yn de maitiid fan 2018 oprjochte útjouwerij hat as doel it Frysk tichter by de jeugd te bringen, dit wol se berikke troch folweardige berneboeken tsjin in lytse priis op de merk te setten. 
De Boekebei: In útjouwerij dêr’t kreativiteit, eigensinnigens & ambysje boppe-oan steane. Foar frisse Fryske boeken mei in positive ynstek en in fruitich smaakje.

Ek sa'n ferrekt moai eksimplaar hawwe? Gean dan nei www.deboekebei.nl of stjoer in mailtsje nei info@deboekebei.nl!