Oardelmeter barbecue

12 july 2020

Wizige op 27-07-2020, 13:39:27

Oardelmeter barbecue

Sneon 11 july hie muzykferiening Harmonie Weidum e.o. har barbecue op it hearlike bûtenterras fan Doarpshûs Weidum. Nei't de feriening earst folslein stillei, doe online oan 'e slach koe en folle letter yn it echt wer repetearje mocht, woene de muzikanten dit aparte koroanaseizoen wol hiel graach mei har allen ôfslute. Mei tank oan Wiersma Tenten & Catering en it doarpshûs koe dit ek. At alles goed gean bliuwt, wat koroana oanbelanget, sille sy 17 augustus wer los. 
Foar it nije seizoen binne der noch gjin plannen; it Jorwerter Iepenloftspul giet net troch, de Mooie Zondag yn Ljouwert net en ek Hennie de Heks komt te ferfallen. Hasto in leuke tip foar de feriening om har muzikaal út te daagjen, hearre te litten of oars wat? Lit it harren dan witte fia info@harmonieweidum.nl!