Nijs fan It Nut juny 2020

4 july 2020

Wizige op 08-07-2020, 08:45:18

Nijs fan It Nut juny 2020

Ik wit noch goed dat ik ús foarige bydrage foar de Rûnkranter skreau en begûn mei it Coronafirus.
De tredde besmetting yn Nederlân wie krekt in feit en gekjeiendewei skreau ik oer in ‘Weidum isolaasje’. Net wittende dat dit net iens sa fier mis wêze soe en we no yn in “yntelliginte lockdown” sitte. Weidumers dy’t thúswurkje, ûntspanning fine yn harren eigen tún, Nij Dekama op slot, gjin besite mear foar ús âlderein, ynienen acht wiken de skoalle ticht, doarpsgenoaten dy’t sa mar harren wurk fuort fallen sjogge en net witte wannear’t se wer ynkommen ha, gjin korps, gjin biljert-jûnen, gjin toaniel, ôfseine feestjes en de earste snein fan maaie in kompleet leech keatslân. Weidum yn de ‘oardelmeter-mienskip’, it nije normaal? No litte we hoopje fan net, want dit past ús as ‘levendig’ doarp fansels hielendal net. Lokkich sjogge we in hiele protte kreative inisjativen ûntstean en fine we meiïnoar ús wei. Litte we de skouders der allegearre ûnder hâlde en op inoar passen bliuwe. Dan ha we hooplik gau wer in ‘oardelsintimeter mienskip’, want dat past ús folle better no!


Wat barde der wol?
Lykas sein ûntstiene der geweldige inisjativen. Benammen om Nij Dekama hinne liket it betiden wol matinee. Sytse dy’t gauris wat nûmers spyljen kaam om de bewenners wat fertier te jaan, Willy en Anje dy’t sierlik om it gebou dûnsen en ferskate oare yndividuele inisjativen. En wat te tinken fan it Wilhelmus op Keningsdei en de yndrukwekkende ‘The last post’ troch it hiele doarp by de 4-maaie betinking.

Fryslân boppe, oh nee, fan boppen! It wie krekt of soe de Bangmapartij dochs trochgean, sa moai lei ús keatslân der by. De treffende tekst: “bliuw foar bêst opslaan #WEIDUM”, waard prachtich fêstlein troch de drone fan de Omrop. Op it Sânpaed ûntstie in Etalaazjeteater, dêr’t  Ergie syn publyk (maksimaal twa de show) traktearre op prachtige yllúzjes. Dêrnjonken wie der noch in echte Beare-jacht yn Weidum, dûkten der ferskate opdrachten op efter de ruten en fleurden kryttekeningen it doarp op. Foar de Bearejacht hiene we in presintsje regele, in moaie medalje en oarkonde, as oantinken oan dizze bysûndere tiid. Mear as 40 bern en ien 80-plusser ha dit presintsje fertsjinne!

En ek noch mar efkes oer nei de oarder fan de dei
Wy ha as bestjoer ús earste echte “skype-gearkomste hân”.
It wie hast like gesellich as ús fysike gearkomsten, mar we hoopje inoar dochs gau wer ris echt te sprekken. Echte regel-saken ha we dan ek net by de ein hân. Boppedat wie ús foarsitter sa lyts yn byld, dat der fan foarsitters-oerwicht gjin inkelde sprake wie.

Wol wolle we graach in opropke dwaan. De bankjes yn Weidum steane der altyd like kreas by. Dat komt omdat Auke Flapper dêr jierrenlang hiel goed foar soarge hat. Hy hâldt der no mei op en it ûnderhâld (bygelyks elk jier yn ’e ferve) moat no op in oare wize dien wurde.
Wy sykje dêrom frijwilligers dy’t dit dwaan wolle, of miskien is der in feriening dy’t wol in bankje “adoptearje” wol. Wy hearre it hiel graach. En fansels Auke, tige tank foar al dyn wurk. Troch minsken as dy bliuwt ús doarp kreas! Want ek de boarterstún, it keatslân en it skoppersfjild lizze der ek alwer keurich by troch in pear geweldige frijwilligers. Tank!

TA BESLUT
Mochten jo je wat allinnich fiele of help nedich hawwe earne mei, dan kinne jo altyd oanklopje by ien fan de bestjoersleden. We ha yn it doarp in ‘Corona-whatsappgroep’ dêr't doarpsgenoaten yn sitte dy’t oanbean ha wol wat dwaan te wollen. Dat it moat altyd goed komme.
Pas goed op inoar, bliuw sûn en we sjogge inoar mei de oardel-meter merke? En oars betinke we fêst wol wat oar(del)s.

Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Sijtse-Auke Flapper, Franci Heeger, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh.
Op de foto: Ienris komt dat suchje wyn dat dy wer azem jout (Sytse Haima). 

Projekt fan Remko Smids en Karina Kroft