25 april 2025
Maitiid edysje
De minsken fan it Nut ha sûnt de lêste edysje fan de Rûnkranter wer by mekoar west op 8 jannewaris en 12 febrewaris.
Op 6 febrewaris ha Franci en ik nei de Grutte Tsjerke yn Ljouwert west om it nije Doarpsprogramma fan de gemeente op te heljen. Op dy jûn wiene der ek workshops oer 'Leeuwarden for European Youth Capital 2028', in ambysje dêr't Ljouwert drok mei dwaande is. Wa't dêr mear fan witte wol kin op de webside fan Ljouwert sykje by: leeuwarden-european-youth-capital-2028.
Op 13 maart wie de jierfergadering yn it DH mei in aardige opkomst. It liket derop dat de Yntree-súd no echt hast fan start gean sil. Lykas jim sjoen ha binne de beammen en struken by de dyk lâns fuorthelle. It wurk sil by de ynrjochting fan de dyk wol ta ferkearsproblemen liede kinne.
Op de jierfergadering is de doarpsfyzje besprutsen en de oanwêzigen koene nei de tiid post-its mei tips op papieren plakke by de ferskillende haadtema’s. We hoopje op ideeën fan de Weidumer ynwenners om de doarpsfyzje skriuwe te kinnen.
Nei de pauze wie der in sprekker: Siem van der Woude fan Tresoar. Hy fertelde in ferhaal oer in bernemoard yn Weidum, in ferhaal dat him yn 1802 ôfspile op Borniastate. It wie in tige nijsgjirrich ferhaal en in moaie ôfsluter fan de jûn.
Oant de folgjende edysje en in noflike maitiid tawinske fan it Nut.
Gertjan, Franci, Piet, Sijtse Auke en Anton