Nijs fan It Nut, april 2023

26 april 2023

Nijs fan It Nut, april 2023

It nije jier is al wer mear as trije moanne âld en der is al wer in protte bard. Nei it Krystbal (it wie wer in geweldich feest) en de jierwiksel mei in tinte op it fjild dêr ’t de doarpsgenoaten elkoar in lokkich nijjier tawinskje koene, is it gewoane libben wer syn gonkje gien.

Op 14 jannewaris hie ús ponghâlder Franci in jierdeifeestje yn it doarpshûs (alteast, dat tocht se). Har  ferwûndering en ferrassing wie dan ek hiel grut doe’t se yn bywêzen fan famylje en freonen troch boargemaster Van Haarsma Buma beneamd  waard ta ’Lid in de Orde van Oranje-Nassau’. Dik fertsjinne, want Franci is in minske fan- en foar de mienskip.
Se hat hast yn alle bestjoeren sitten en docht op dit stuit noch wurk as ponghâlder fan it Doarpshûs en It NUT. Troch de ynset fan Klaes Tilma, Saco Hemstra en Lucy Brouwer waard it in ûnferjitlike jûn foar Franci, Geart en alle oanwezigen.

Op 26 jannewaris koene we dan einlings mei it Nutsbestjoer ôfskie nimme fan ús wurdearre kommisjelid Tialde, ûnder in itentsje by Duhoux yn Wurdum. Nochris tank foar dyn ynset, Tialde!
Yn desimber, in wike foar de kryst, waard it dochs noch in bytsje kâld en gie de iisbaan in pear dagen iepen. Spitigernôch duorre dat net lang.

Op 9 maart hold It NUT har jierfergadering mei in mooie opkomst fan sa’n 35 minsken. Der wiene ek minsken fan de lokale polityk want de provinsjale ferkiezings stiene foar de doar.  Der waard ferslach dien fan de ûntwikkelings om de feroarings by de yngong fan it doarp hinne út de rjochting fan Mantgum en de Jeu de Boules baan dêr’t it wurk dit foarjier foar begjinne sil.
Oan ’e ein fan de fergadering kaam Bonny Feenstra fan de Gemeente Ljouwert noch mei in koarte presintaasje oer it grien yn de gemeente en it stribjen nei mear ‘Fergriening’. Har tiim helpt dêrby om inisjativen te stimulearjen yn doarpen en buerten. Dêrnei wie der fansels noch tiid foar in gesellige neisit.

It Nut besjocht de mooglikheden om wat mear ‘kuierrûntsjes’ om it doarp te meitsjen. Dêr wurde ferkennende gesprekken foar fierd mei benammen de lokale boeren om’t we oer harren lân hinne moatte. We hâlde jim op ’e hichte fan de ûntwikkelings.

As ôfsluting fan it winterskoft hie de jeugd fan Weidum noch in ‘Aprés Ski Party’ organisearre op 18 maart yn it Doarpshûs mei muzyk fan Butterfly. In tige slagge jûn.
No geane we op nei de maitiid en, hooplik,  it mooie waar!

It bestjoer fan It NUT: Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton