Man o Man giet sa moai as wat!

8 jannewaris 2012

Man o Man giet sa moai as wat!

It binnenloftspul is op de helte! Der binne noch in pear kaarten foar woandsei 11 jannewaris mar de rest fan de jûnen is strak útferkocht. De reaksjes binne (meast) posityf! Man o Man is oars as oars toaniel en it is moai om te sjen dat nije spilers har goed thús fiele op it toaniel! Noch 3 folle jûnen en alles kin wer yn de kast.