Lekkere Lazy Sunday!

Wizige op 20-05-2019, 14:06:18

Lekkere Lazy Sunday!

Om 4 oere set de Weidumer Sjongerij út ein mei har earste set fan 4 nummers nei  it iepeningswurd fan Anton. “De Zee” fan Trijntje Oosterhuis en  “Somewhere between” fan The Tumbleweeds wurde songen mei begelieding fan Dirigente Anna Bonnema út Harns op de piano. Dan komme “Something” en “when I’m  64” fan de Beatles, beide ferskes wurde songen únder begelieding fan in gelegenheidsband besteande út Weidumers Roelien Ytsma op keyboard en Yme Kramer op drums,  Jilles Kleefstra út Eagum op de gitaar en Pieter Kingma út Ljouwert op de basgitaar. It swingt hearlik en it publyk is enthousiast. Dan is it twadde koar oan de beurt: Leave 17, in froulju’s koar út Reduzum en omkryten. Dit koar hat as artistyk lieder Sytse Broersma en sjongt mearst mei begelieding fan bânmuzyk. Sa ek yn Weidum: as earste “Venus” fan Shocking Blue en dan “Wings” fan Birdie. Dernei noch 2 nummers mei de band: “Wonderwoman” fan Leaf mei 2 solisten en “Go like Elijah” fan Chi Coltrane. De fonken spatte dr ôf.

Yn de pauze kinne de sjongers en it publyk even de stembânen smarre want efter de bar stean Franci, Piet en Wybo elts fan in drankje te foarsjin. Nei de pauze Is de Sjongerij wer oan bod mei “Sentimental Journey” fan Doris Day en “Mr.Sandman” fan Emmilou Harris. De band treedt wer oan en dan wurde noch: “Bring it to me” fan Sam Cook en “Help” fan de Beatles brocht.

De léste set: Leave 17 jongt “Feel like a woman” fan Shania Twain en “Call me” fan Blondie. Ek no wurde de leste 2 nummers mei de band spyle: “set fire to the rain” fan Adéle en “I’ve got the music in me” fan Kiki Dee. Dr wurdt geweldich songen troch beide koaren en de band is super! Alles is prachtich yn it ljocht set troch Patrick en it lûd is perfekt regele en fersterke troch Wouter. We dogge noch ien nummer dat beide koaren ynstudeard ha: “Oh Mammy” fan de Pop-tops. In hearlikke mei sjonger en elts giet los!

Alle meiwurkers wurde betanke en dan komt ek oan dit feest wer in ein. De minsken kinne noch lekker even sitten bliuwe foar in drankje en Frederik stiet yn de keuken patat  te bakken. It wie in super gesellich muzikaal barren, organiseare troch Ait-Jan en de Sjongerij sjocht mei nocht út nei in folgjende produksje!!

 



« werom