Leffert Kroes: Myn reis as wurk

20 april 2012

Leffert Kroes: Myn reis as wurk

Myn earste reis begûn op 8 juny 2008. Ik moast doe nei Kiel ta, want dêr lei myn earste skip. Omdat ik doe noch mei myn oplieding dwaande wie, ha ik dêr oan it wurk west as fakânsje- wurker. Ik moast de matroazen helpe mei it ûnderhâld fan ’t skip en it ôf- en oanlizzen. De reis gong fanút Kiel troch nei Gdansk dêr’t wy keunstmest lade moasten. It skip wie net hiel grut mar it laden gong net sa hurd want de keunstmest mocht net wiet wurde. No hiene we it gelok dat it sa no en dan noch wol ris reinde, dus koene we moai eefkes de stêd yn. It is net echt myn hobby om sa’n stêd te besichtigjen mar ast de kâns hast is ’t altyd leuk om eefkes om te strunen, en op himsels is Gdansk bêst wol in moaie stêd. De panden ha wol wat fan grachtepandsjes allinnich dan yn de gekste kleuren. Fierder ha we noch wat boadskippen dien en ek noch ergens in pilske helle. Doe ’t it laden klear wie binne we ôfset rjochting Sevilla yn it suden fan Spanje. Fanút Poalen kinst op twa manieren op ’e Noardsee komme, boppe Denemarken lâns fia it Skagerak of fia it Kielerkanaal. It Kielerkanaal rint troch Noard-Dútslân fan Holtenau nei Brunsbuttel. Wy binne troch it Kielerkanaal gongen om’t dat wol hast in dei farren skeelt. Op de hiele reis hiene we moai waar, dat kaam goed út want dan koene we moai de skûtel opstelle. Sa krigen we ek noch wat mei fan ’t EK fuotbal dat doe oan ’e gong wie. Nei 10 dagen farren wiene we yn Spanje. Omdat de Spaanske mentaliteit wat oars is as yn West-Europa duorre ek it lossen hjir in pear dagen; net sa slim want it EK wie noch net dien. Nei Sevilla moasten we nei in oare Spaanske haven dêr’t we ek wer keunstmest lade moasten (grif een oare soart). Dy ha we nei Antwerpen brocht. Dêr bin ik doe nei hûs ta gongen. De folgjende reis begûn op Skiphol want ik moast nei in skip yn Hanko (Finlân), dat wie foar myn earste staazjeperioade. Dit skip wie in slach grutter as it foarige skip dêr’t ik op sitten hie en it foer ek weareldwiid. Doe’t ik oan board kaam wie it skip grutte rôlen papier oan ’t laden foar in papierfabryk yn Baltimore oan ’e eastkust fan Amearika. Mar earst moasten we noch fia Arhus yn Denemarken want oan dek kamen wynmolewjukken. Dy ha we ek nei Baltimore brocht. Dizze reis hat ûngefear 12 dagen duorre, dat is bêst lang mar komst ûnderweis net in soart tsjin dus hast wol de tiid foar oare dingen lykas barbecueën en swimmen yn ús selsmakke swimbad. It wie foar my wol spektakulêr want it wie de earste kear dat ik sa lang op see siet en it wie ek de earste kear dat ik yn Amearika komme soe. Ast nei sa’n perioade op see einliks wer lân yn sicht krigest is dat bêst wol besûnder. Ik wie ek bêst wol in bytsje ferbaasd, want doe’t ik dêr troch de sted rûn seach ik mei eigen eagen dat it echt sa wie. Echt sa as yn ’e film. Omdat we earst de wjukken losse moasten en dênei de rôlen papier ha we ûngefear wol fiif dagen binnenlein. Nei Baltimore moasten we nei Halifax. Dat leit op it Kanadeeske eilân Nova Scotia. Hjir moasten we woodpallets lade foar Rotterdam. Nei Rotterdam ha we wer wynmole-ûnderdielen laden yn Denemarken, mar dizze kear wie de bestimming Corpus Christi yn Texas. Doe’t de douane dêr oan board kaam ûntstie der in lyts probleemke want de geboartedatum op myn Amerikaanske fisum kloppe net (dat hie ’k fan tefoaren wol sjoen mar ik tocht, ik weagje it der op. De earste kear wie it wol goed gongen). Mar dizze kear dus net. Yn earste ynstânsje soene we in boete krije fan 3000 dollar en ik mocht net mear yn Amearika komme. Dat wie wol een probleem want de folgjende haven wie Newark (yn Amearika). Uteinliks koe ik wol mei en bin ik út de folgjende haven yn Tornio (Finlân) nei hûs ta flein. Ik koe myn paspoart op Skiphol litte en in wike letter bin ik yn de Eemshaven wer opstapt. Fan de Eemshaven moasten we nei Philadelphia; dêrnei nei Odda yn Noarwegen. Omdat it wylst al om de kryst hinne wie moast der al eefkes in krystbeam komme. It skip lei yn een fjord en oan de oare kant fan it haventerrein begûn it bosk. Dus om in beam hoegden we net lang te sykjen. Doe’t we ien kear dwaande wiene ha we ek fuort mar twa meinaam; ien foar de iene masinekeamer en ien foar op de iene mêst. Nei Odda moasten we wer nei de Eemshaven. Nei fiif moannen oan board siet myn earste staazjeperioade der op en ha ús heit en mem my ophelle. Foar myn twadde staazje en tredde reis moast ik yn Hamburg opstappe. Dit skip foer yn in soarte fan lijntsjinst tusken Hamburg en in pear Noarske en Sweedske havens. In rûntsje duorre ien wike. Nei in pear wiken binne we yn Hamburg yn ’t dok gongen om grut ûnderhâld te plegen. It skip wie al wat âlder en foar de fersekering moat in skip ien kear yn ’e fiif jier droech setten wurde. Dat wie foar my in tige learsume ûnderfining omdat der dan dingen barre dy’st oars net sjochst. Nei twa wiken yn ’t dok wie alle ûnderhâld klear en koene we ús reis wer trochsette. Doe’t ik ek op dit skip myn fiff moannen folmakke hie wie ik klear mei myn oplieding en koe it “echte wurk” begjinne. Ik ha dêrnei op seis ferskillende skippen sitten. Op elk skip faarst wer mei oare minsken en komst op oare plakken. Fan’t simmer siet ik op in skip dat foer tusken Barcelona, Sagunto, Algaciraz en de Canarische eilannen. Dat wie in moaie tsjinst omdat we op elk eilân wol in dei en in nacht leine. Dan koest jûns moai eefkes nei de boulevard fan Las Palmas en yn ’t wykein eefkes nei ’t strân want it wie hast altyd moai waar en it wetter wie lekker waarm. Op see koest dat ek goed fernimme omdatst ûnder it farren wol gau ris in pear dolfijnen seachst. Meastal swimme se in eintsje mei. It lêste skip dêr’t ik op sitten ha foer fanút Hamburg nei ûnder oaren St. Petersburg. Yn de winterperioade friest de Eastsee foar in part ticht. Foaral it lêste stik sitst dan yn iis fan soms wol in heale meter dik. Ast pech hast wurdt it sels sa dik dat it skip der net mear trochhinne komme kin. Dan moatst wachtsje oant in iisbrekker dy losbrekt sadatst wer fierder kinst. Sa belibbest op elk skip wol wer wat. Moarn gean ik nei myn folgjende skip en begjint der dus wer in nije reis. Dat sil fêst noch net de lêste wêze!