Lang en Breed

20 april 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:47:54

Lang en Breed

Oer it libben fan Tettie Venema Troch Marineke vd Zijpp "Sjoch, dat âlde rútsje by de achterdoar is noch it orizjinele rút fan de âld kûperij dy't hjir wie doe't ús mem dit hûs kocht. Dat wie yn 1946. De skuorre is ferboud troch Van der Vegt; mem woe in keamer mei iepenslaande doarren ha nei in tún op it suden en sa is it no noch." Ik bin yn Weidum op de Buorren op besite by Tettie Venema om in nijsgjirrich petear te hawwen oer har libben. Nei in slach troch it hûs, mei allerhanne histoarysk húsrie, jouwe wy ús del oan de hege tafel mei tee en in bonbon, om de skiednis om ús hinne ta libben komme te litten. Jeugd Tettie waard yn '32 berne yn it karakteristike hûs neist De vijf Sinnen (dat fan Jaap en Djoke). It wie in saak op de Hegedyk mei fytsen, radio's, mei in benzinepomp en in taxibedriuw. Tettie har mem wie skoaljuffer op de legere skoalle dy't doe yn Bears en letter yn Weidum wie. It gesin krige der yn de jierren dy’t folgen noch twa famkes by. Doe't se 8 jier waard, op 10 maaie, bruts de oarloch út. "Dat wie akelich, marsjearende soldaten, freondinnen koene net mear nei skoalle. De Dútsers namen ek alles mei, de radio's en de fytsen. En de Jappen hiene de taxi's meinommen. Mar dat hat west, net tefolle mear oan tinke". Nei de legere skoalle gie se nei de Ulo, mar doe't har heit slim siik waard kaam se thús om te helpen om op de suskes fan 4 en 5 jier te passen. "Ik fûn it net hiel slim, fûn de stêd toch stjonken en wie graach bûtenút". Yn 1946 stoar Tettie har heit. "Us mem moast doe de winkel ferkeapje, want je mochten yn dy tiid net twa banen hawwe. Skelte de Boer, dy't by ús wurke, koe it taxibedriuw oernimme. En mem bleau skoaljuffer en hat dat oant har pensjoen ta altyd west". As tank foar al dy jierren krige se fan skoalle in prachtich boerd oanbean , dat no te pronk hinget by Tettie oan de muorre. “Doe moasten wy ergens oars wenje en koe mem dit hûs keapje; in foarhûs mei in kûperij (dêr’t se houten tonnen makken) yn de skuorre (fandêr de Kûperssteech). By de ferbouwing wennen we by bakkerij Kotstra yn ’e hûs, hiele freonlike minsken, sûnder bern. Wy ha hjir altyd fijn libbe. Weidum is unyk om op te groeien. Sa’t it no ek noch altyd is, sa meielkoar, mei de merke en de Kryst. Wy keatsten op it skieppelân: fan de skuon en de sokken makken wy it perk en de skieppekeutels wiene de keatsen. Sa stiene wy oan it begjin fan it frouljuskeatsen, dat úteinliks de Frouljus PC nei Weidum ta brocht hat. Us mem wie yn dy tiid ek tige romtinkend, der koe altyd fan alles: fuiven hâlde en dan siet mem moai boppe te naaien". Ingelân Doe't Tettie 18 jier wie gie se Ingelks studearjen en om de taal better te learen gie se nei North Harrow yn Ingelân. Se kaam yn in stiif dûmny’s gesin, moast hurd wurkje: skjinmeitsje, op de bern passe. Se fertsjinne ien pound yn de moanne (tsien gûne), wat fierstente min wie om har weromreis te fertsjinjen. " Doe't dy dûmny begûn oer in mooglike oarloch mei Korea tocht ik ‘wegwezen hier’ en doe hat mem in ticket opstjoerd”. Se kaam wer thús te wurkjen en ek noch by in muoike yn Seelân, dêr't se it ek tige gesellich hie. “In protte lol mei freondinnen yn dy tiid”. Op har 21ste reizge se wer nei Ingelân ta, Oxford diskear, by in waarm gesin mei twa bern. "Mar ik waard dêr opnaam as it tredde". Se wennen yn in lúkse villa, hiene in sjieke winkel en namen har oeral mei hinne. “Mei Kryst nei Londen en wat hawwe we machtige feesten hân yn in grutte hynstestâl mei allegearre Leidse studinten. In prachttiid en no noch altyd ha ik kontakt mei kennissen út dy tiid yn Ingelân”. Toaniel Nei de Ingelske jierren kaam se wer by mem te wenjen en gie se oan it wurk by it ‘Laboratorium voor de Veehouderij’ yn Ljouwert (no de GD yn Deventer)op ferskate ôfdielings. “Ik ha dat altyd moai wurk fûn”. Yn dy tiid die se ek al mei oan toaniel: moaie stikken mei it Weidumer toaniel, mar ek sette se har yn foar it Jorwerter Iepenloftspul. "Yn 1954 die ik foar it earst mei en ik ha hast alle jierren dêrnei meispile, oant 1975 ta” . Se hie der in protte nocht oan en waard ek rûnom tige wurdearre. "Soms kaam ik allinnich mar op en klapten de minsken al as wie ik de ‘grande dame’. Dêr waarden je ek wolris senuweftich fan, want je moasten it alle kearen mar wer wiermeitsje". Wêr't se ek mei in soad wille oan werom tinkt, is de Boerekapel: ferskes en sketskes spylje mei minsken lykas Gerrit de Vries, Roel Oostra, Johannes de Vries, Folkert Hiddinga, Wypkje de Ruiter, Janny Hiddinga en Hessel Rodenhuis. Faak meielkoar fuort te spyljen. “Och, wat ha wy in grappen belibbe". We sitte beide op ’e kont foar in âld kastke boppe, dêr’t fan alles útrûgelt: plakboeken fol mei swart-wite herrinnerings, foto’s fan ferklaaide sjongende minsken op de planken, plastic tassen mei úttikte sketskes, âlde tekstboekjes en sels in harkspul fan de Rono; Tettie hie fan alles by de ein. Sweden Yn 1974 wie der yn Weidum in útwikseling fan de Harmonie mei in muzykkorps út Sweden. It wie regele troch Pier Rypma, dy’t sels yn Sweden wenne, mar in soan wie fan Tjitske Koopmans út Raerd (in suster fan âlde Pier Koopmans , spitigernôch jong stoarn) en Johannes Rypma, dy’t yn Bears opgroeid wie op de pleats dêr't syn omkesizzer Jochum no de boerecamping Swetteblom hat. It wie in hiel oheden, it hiele doarp soarge foar ûnderdak foar al dy Sweden, alle flaggen wiene út. Tettie-en-dy hiene fjouwer útfanhûzers. It wie in prachtich gesicht, dat Sweedske korps mei al dy majorettes foarop oer it keatslân. Elk wie optein en it wie in grut súkses! Tettie rekke yn 'e kunde mei de widner Johannes Rypma, de heit fan de dirigent en in briefwiksel folge. Sa learden se mekoar better kennen en yn novimber 1975 is se nei Västa Vemmerlöv ôfsetten om by him en syn trije bern wenjen te gean. "It wie in hûs midden yn de wrâld, flakby Trelleborg, ik fûn it dêr prachtich!” It earste wat se dien hat en wat yn Sweden ek ferplicht is, wie de taal leare. "Dat meist wol opskriuwe, dat is foar alle minsken dy't yn in oar lân wenjen geane it alderbelangrykste. Sa learst de minsken en it lân pas echt kennen”. Se is yn Sweden troud en hie dêr in moaie tiid. Neist it drokke gesinslibben hie se yn dy tiid in passy foar bordueren: merklappen mar ek sukuere plaatsjes fan gebouwen en âlde pleatsen neimeitsje. Oeral yn ’e hûs, foaral boppe, sjogge we dy keunstwurkjes hingjen. Yn 1976 kaam it Weidumer Korps nei Sweden ta, dat wie geweldich. "Ik sjoch se noch sa foar my oanrinnen kommen , al dy fertroude minsken út Weidum by ús yn Sweden, sa moai". Wy besjogge it plakboek mei it Sweedske programmaboekje en de jongere gesichten fan allergear bekenden. Wer werom Nei in sykte stoar har man Johannes . Tettie wie doe al mear as 15 jier yn Sweden. Dochs kaam se yn 1992 wer werom nei de Buorren yn Weidum om foar mem te soargjen dy't har heup brutsen hie. Doe waard se al gau frege om hjir en dêr by te gean, mar se woe earst even niks. "It wie wol in moaie tiid, dat mei it toaniel, mar it wie altyd wol drok en je waarden leefd”. Trije jier hat se foar har mem soarge, dy't doe nei Nij Dekama ferhuze. Tettie bleau yn it hûs wenjen dat nei al dy jierren útpûlet fan de oantinkens: servys, byldsjes, Sweedske boarden, in skilderijke fan ien fan de beppesizzers út Sweden, knipseltsjes, ansichtkaarten, gedichtsjes, mar ek noch de âlde badkúp en de hearlike stuollen fan froeger. In jier lyn waard ek Tettie har suster Hennie siik en ferstoar. Sûnt dy tiid helpt se trije moarntiden yn de wike yn Baard yn de boerehúshâlding. "Sa is it libben, moaie dingen, mar ek 'sad things', it heart derby. As je de moaie dingen derút helje en herinnerje kinne je it lang folhâlde". Se makket skjin, docht boadskippen en helpt mei it iten sieden, blommen wetter jaan, sokke dingen. “En soms kofjedrinke mei allegearre folk om ’e tafel, it jout ek ôflieding”. Yn Weidum wennet Tettie noch mei in protte wille: “Wat wenje wy op in moai streekje!” Wat yn de tún wurkje, kranten en boeken lêze, ris in kursus folgje, nèt komputerje ( ”dat fyn ik hielendal niks! "), tv sjen (BBC), nei foarstellings ta, by har suster Sjoet lâns of by kennissen, " ek al ferlieze je hieltyd mear minsken om je hinne as je âlder wurde" . Nei Sweden hat se ek wol west en soms komme de bern oer, mar elk hat it fansels drok mei wurk en it eigen gesinslibben. “Boppedat bin ik soms sa stiif yn de skonken, dan sjoch ik suver tsjin de reis op”. Foardat ik it wist wiene der al oeren om en wiene wy noch lang net útpraat oer Tettie har libben en it libben yn syn algemienens. En by de measte anekdoates sei se ek hieltyd, "Eh juh, dat hoechst net op te skriuwen", wat faak yndie ek net slagge, want dan dûkelen de ferhalen mei gong oer elkoar hinne. Twa middeis haw ik noflik oan de tee sitten om dit stikje foar de Rûnkranter meitsje te kinnen, mar, alles opteld , wie der eins hast wol in boek oer Tettie har libben te skriuwen.