Krystnacht-stream

21 desimber 2020

Wizige op 24-12-2020, 15:35:45

Krystnacht-stream

“Een online kerstdienst had Harmonie Weidum al op de planning, maar door dat plan ging een kruis toen de lockdown werd afgekondigd. Toch vonden ze een manier om coronaproof op te treden.” 
(Ljouwerter Krante, 21-12-2020)

De planning opnij besjen; sille wy stopje, of dogge we in goai? It is moandei 14 desimber at premier Rutte bekendmakket dat Nederlân no lang om let dochs yn in mear konkrete lockdown giet. As muzykferiening is de kar om op dit momint te stopjen mei lessen, repetysjes en aktiviteiten net lestich; it kin net oars. De 'leuk' fan bygelyks online lessen en repetysjes is der sa stadichoan ek wol ôf. Ek de jierlikse oaljekoeke aksje komt te ferfallen, soks is no gewoanwei net winsklik. Mar fan ien aktiviteit koene wy min ôfstân dwaan; ús alderearste online Krysttsjinst. Doel wie om mei in bernekoar, alle jeugd fan Jong Harmonie Weidum, in ensemble fan de fanfare en de komplete malletband in fraai Krystkonsert op te nimmen. Dûmny Hinne Wagenaar wie útnûge ek in bydrage te leverjen, best wol bysûnder fûnen wy. 
Moandei de koppen by elkoar stekke; stekker derút, of kin it noch oars..? Der komt mear tsjinslach om 'e hoeke sjen; koroana treft ek de feriening. Dochs giet 'tink yn mooglikheden' as mantra troch ús hollen, it móat dochs oars kinne..?
Snein 20 desimber wie it safier; as lokaasje mochten wy de wurkpleats fan boubedriuw Van der Vegt brûke en mei de mûlkapkes foar (de technisy fansels, mei mûlkapke op wurdt blazen neat) koe in lytse delegaasje muzikanten op audio en fideo fêstlein wurde. Ek Wagenaar waard troch de betûfte profesjonals filme. Al mei al hat de Krystnacht-stream in oere oan programmearing ferlern, dóchs is it hiel moai dokumint wurden. As organisaasje treffe wy jim Krystjûn 2020 hiel graach, online!

Hâld de muzyk deryn!

Ut namme fan muzykferiening Harmonie Weidum e.o.
Janneke de Boer.

Thús mar Út: Krystnacht-stream
Waarmte en ljocht yn tsjustere dagen; stim Krystjûn ôf op www.harmonieweidum.nl
Want Kryst mei dy is safolle leuker!

Krystnacht-stream is in gearwurking fan tsjerklike mienskip Westerwert, dûmny Hinne Wagenaar & Harmonie Weidum e.o.