Kooifrysk

17 oktober 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:25:25

Kooifrysk

Kollum fan Tjerk Kooistra Wat jonges dogge… ‘Dit is wat jonges dogge’. Mei dy wurden iepene dûmny Wagenaar de útfeartplechtichheid fan Hylke Zondervan yn de notaristún seis dagen nei ’t fiif freonen in auto meinamen om even in blokje om te gean. Mei alles wat dat ta gefolch hie. ‘Dit is wat jonges dogge’, sei Wagenaar ûnder de parrebeam op in autotsjerkhôf dat fan ’t jier as dekôr foar it iepenloftspul Jorwert tsjinne. De autowrakken en beammen fielden hast as in yllustraasje fan de stille tsjûgen by it ûngefal. It sintsje en dûmny makken dat it der lykwols noait in momint makaber of ûngemaklik troch fielde. Dy fiif wurden spûkje de dagen dêrnei troch myn holle. Is dit wat jonges dogge? Die ik soks ek? Yn earste ynstânsje wie ik resolút en der wis fan: soks dienen wy net. Mar doe’t ik der langer oer neitocht, realisearre ik my dat ik ek oer in taamlik grutte cv fan ûnferantwurdlik gedrach beskik. Goed: wy gienen net mei in auto derop út, mar hawwe wol like grutte risiko’s naam. Sa hawwe wy wolris fikje stookt yn in beamhut op fiif meter heech, wêrby’t wy noch mar krekt foardat we stikten ûntsnappe koenen. Ek hawwe wy gammele tunnelstelsels makke yn it hea dy’t elk momint ynstoarte koene. Dit is noch mar in greep út myn portfolio fan ûndogenens, mar it fertelt ek dat wy - doarpsjonges trije kilometer fierderop - domme dingen diene dy’t tafallich goed ôfrûn binne. Dêrmei wol ik niks relativearje, want it bliuwt fansels in oerstomme aksje. Ik realisearje my inkeld dat dûmny gelyk hat: soks dogge jonges. Ien fan dy jonges fan it ûngelok helpt al twa jier by ús mei de technyk en omballings by it iepenloft. Dat docht er hiel goed: betrouber, op ‘e tiid en hy is altyd opropber. Hartstikke ferantwurdlik. Ek nei it ûngemak, doe’t wy wer trochgienen mei de foarstellings wie hy der wer ‘gewoan’ by. Op de ien of oare manier krigen wy no folle mear kontakt mei him as dêrfoar. Hy sei noait safolle mar prate no ynienen sels oer gefoel. Nei de lêste foarstelling besoarge er my pikefel doe’t er my in krûp joech en yn it ear flústere: “bedankt foar alles en Tjerk, ik bin grutsk op dy, op ús”. Lokkich is dat èk wat jongens dogge. Tjerk Kooistra Kreatyf konseptûntwikkelerTidder.nl Regisseur en Artistike lieding Iepenloftspul Jorwert