Kika Extrema 2024

14 maaie 2024

Wizige op 14-05-2024, 18:30:49

Kika Extrema 2024

Wy, Atze Achttien en Wybrand Boersma, sille op 1 oktober 2024 meidwaan oan KiKa Extreme om jild op te heljen foar KiKa (‘Kinderkanker’). Dat is in jierlijks weromkommend evenemint wêrby’t triatleten harren sport beoefenje en tagelyk jild ophelje foar it goede doel.
Wy binne fan doel om yn 2025 de Frysman te dwaan. Dat is in hiele triatlon: 3,8 km. swimme – 180 km. fytse – 42 kilomet er drave.Dêrom fine wy dizze heale triatlon in moaie oefening om te sjen hoe fier’t we mei de tariedingen binne en fansels ek dat dit in tige moai doel stipet.
Dizze heale triatlon spilet him ôf yn Cascais, Portugal. Dêr wurdt it de Ironman 70.3 neamd, wat oerienkomt mei in heale triatlon. We sille dêr yn de Atlantyske Oceaan swimme moatte en drave en fytse yn en om Cascais.

Fansels binne we al drok dwaande mei de treningen. Sa folgje we swimles yn it Kalverdijkje. We krije les fan Farhad fan de Noardlike Swimakademy. Dat docht hy mei fanút sponsoring foar it goede doel. Mar we hawwe ek al twa haadsponsoaren: Keukencentrum Marssum (dêr wurket Wybrand) en Hotel Ytkafee Duhoux yn Wurdum. Dêr binne wy tige tankber foar! Dizze sponsoaren sille foar- en efterop it tenue komme te stean dat wy drage sille by eveneminten en foar en nei de sportive aktiviteiten. Sa binne der ek meardere kleansponsoaren dy’t ek op it shirt in plakje krije sille.
Mochten jo dit no lêze en tinke: “Kinne wy ek wat sponsorje?” Fansels kin dat! Underoan stiet in ynternetside dy’t ferwiist nei de persoanlike webside fan Atze en Wybrand. Dat is in side fan KiKa dy’t linkt is oan ús dielname. Hjir kinne jo alle soarten fan bedragen op oermeitsje; alles helpt fansels.

Ek sille wy in muzykmiddei organisearje yn Weidum op 21 april ’24. Dêr sille De Suskes, Jokers Wild en DJ Meinz optrede en dat dogge se tsjin sponsorprizen. Hearen hulde! 
Op dy middei sille ek pizza’s te krijen wêze fan Atze en fansels giet de hiele opbringst fan de ferkeap nei KiKa.
It doarpshûsbestjoer tinkt ek mei en helpt safolle as it kin. Sa komme je der ek achter wêr’t in lyts doarp grut yn is. Der binne ek in oantal doarpsfamkes dy’t oanbean hawwe om yn it jeugdhonk op lytse bern te passen, sadat de âlders net op syk hoege nei oppas. Dus gjin ekskuses om net te kommen op dizze moaie Weidumer muzykmiddei.’

Wy binne der wol efter kaam dat it swimmen yn de tarieding bot ôffalt en dat dêr in soad treningsoeren yn sitten gean. Dêrom swimme we neist de les op woansdeitemoarn ek noch yn de Blauwe Golf om te besykjen ús it swimmen mear eigen te meitsjen. Op it stuit komt Atze út in blessuere. Hy kin wer begjinne mei it opbouwen fan de trening. Wybrand hat de lêste tiid wat te bot syn bêst dien en Atze syn plak oernaam by de fysio. We komme der achter dat it in útdaging is om net te hurd te wollen sadat je oertreend reitsje. Tagelikertiid ha we der in soad nocht oan omdat je sjogge hoe fier’t je gean kinne en om sa no en dan je eigen grinzen op te sykjen.
It moaie waar komt der oan dus as jim twa hurdfytsende mannen sjogge mei in swimbril op, dan witte jim fêst wa’t it binne en dat dy wat fergetten ha by de wiksel tusken swimmen en fytsen.

Webside: https://www.kikaextreme.nl/wybrand-atze. We hoopje € 12.500 op te heljen.
Elke bydrage telt!

Alfêst tige tank!
In sportive groet fan
Atze en Wybrand