It Kin net

27 july 2021

Wizige op 28-07-2021, 15:22:03

It Kin net

Spitigernôch ha wy gjin goed nijs oer ús Weidumer Merke fan 2021.

As bestjoer hiene wy hope dat de situaasje om it koroanafirus hinne ferbettere wie en der ein augustus mear mooglik wêze soe, mar sa’t it him hjoed-de-dei oansjen lit is it net mooglik om ús Merke op in feilige, ferantwurde, leuke en tagonklike wize te organisearjen. Dat betsjut dan ek dat de Merke yn 2021 net trochgean sil, ek net as der tsjin dy tiid genôch iis leit :-).

Mar hielendal neat is ek neat fansels!
Om dochs in bytsje yn de sfear te bliuwen ha wy in lyts (koroanaproof) programma foar freed 27 en sneon 28 augustus gearstald.

Mear ynformaasje hjiroer fine jim HJIRRE 

Hâld dizze webside ek yn ’e gaten foar eventuele updates.

Alle plannen foar de Alvestêdetocht kinne noch efkes yn de iikast, wy geane dêr yn 2022 graach mei fierder!

Stichting Volksvermaak Weidum
Doeke, Francisca, Jan, Jelmer, Roelien, Tjalling, Yldau & Pytrik

KLIK HJIR FOAR IT PROGRAMMA
KLIK HJIR FOAR IT OPJEFTEFORMULIER