It gie dochs noch oan!

23 febrewaris 2012

It gie dochs noch oan!

In ferslach fan twa wiken winterwille Ut namme fan de iisklub: Grietje Meulenaar De kranten stiene der fan’t hjerst al bol fan. Wat soe it in kâlde winter wurde. Der waard sels praat oer in ‘horror-winter’. De echte reedridersfanaten hiene der al klamme hannen fan! De foarsitter fan de iisklub hjir yn Weidum waard net waarm as kâld fan alle spekulaasjes. As in nuchtere Fries sei er op de jierfergadering: “It moat earst mar safier weze!” Novimber en desimber giene foarby. It wiene utsûnderlik waarme moannen. Yn jannewaris like it sels wol dat de maaitiid al ynsetten wie. De fûgels songen al troch de waarmere temperatueren en de maaitiidsblommen kamen al út de bollen. Mar ein jannewaris gie it dochs oan! De temperatueren skeaten nei ûnderen ta. Yn de kâldste nacht hjir yn Weidum helle de termometer sels de -19 graden. En wat is de wrâld dan moai mei it sintsje derby! Elk is spontaan in stik fleuriger. It is hast in soarte fan simmer-gefoel, mar dan mei lege temperatueren. Nei trije nachten froast, lei der al in moaie iisflier op de iisbaan. De omstannichheden wiene goed. Der wie hast gjin wyn en it snijde net. Woansdei 1 febrewaris gie de iisbaan iepen. It wie in iiskâlde dei. Dochs kamen der in soad minsken te riden, sawol jong as âld. Ride op it iis is krekt sa as farre op it wetter: it bynt minsken. It wie faak in gesellich barren op it iis, ek yn de dagen dy’t folgen. Mei tank oan de Quat en de sniefaaier fan Nico Oostra koene we it iis yn in goede kondysje hâlde. Op snein 5 febrewaris giene we op ’e iisbaan werom yn ’e tiid. Wy hiene in groep pronkriders, dy’t yn kostuum in prachtich plaatsje sjen lieten. Foaral sa mei de mûne op ’e eftergrûn. De pronkriders rieden yn pearkes. Ek wol mei syn fjouweren of seizen. En dan kinne je begripe dat de redens fan de riders wat ynkoarte binne. Oars sitte je elkoar al gau yn’t farwetter! It wie in groep pronkriders út ’e omkriten fan It Hearrenfean. Sy ha alle wiken dwaande west mei pronkriden yn Thialf. Nei de demonstraasje wie it tiid om sels it pronkriden ûnder de knibbel te krijen. Tegearre mei in pronkrider it iis op! Yn de dagen dy’t folgen koe der hieltyd mear op bûtenwetters riden wurde. De frijwilligers fan ’e iisklub ha mei in soad wille hiel wat sûkelademolke ferkocht oan de riders op de Swette. En nee, dizze wie net oanlinge mei waarme molke, mar puer út in pak fan it ‘bekende merk’. Op woansdei 8 febrewaris waarden jûns de koartebaan-wedstriden holden. Der kamen sa’n tsien rappe riders op ôf. De striid wie sa no en dan goed spannend. Uteinlik gie Jehannes van der Weij mei de earste priis oan ’e haal. De twadde priis wie foar Steven Hemstra. By de froulju wie Marijke Dijkstra de sterkste, folge trochSuzanne Venema. Wat wiene wy der grutsk op doe’t ús klub benadere waard troch de KNSB foar it Iepen Fryske Kampioenskip Shorttrack op Natoeriis. Sy sochten in baan dy’t gjin peallen foar de beljochting midden op it iis hie. Der bleauwen yn Fryslân twa banen oer, en dêr wie dy fan ús by. It wie sa op it lêste momint noch wol in hiele organisaasje, mar wat ha we in moaie snein hân! Der wiene sa’n 60 dielnimmers. De wedstriden begûnen om 11.00 oere mei de hiele jonge dielnimmers. En sa rûn it yn ’e rin fan ’e moarn kwa leeftyd hieltyd op. Prachtich om te sjen, sa’n groep achterelkoar oan. En dan yn de lêste rûntsjes mar ôfwachtsje wa’t him of har losmakke fan de groep om de titel binnen te heljen. Ek Tjerk de Boer die mei. Yn de earste ronde wie hy fierwei de sterkste. Yn ’e finale wie hy oant krekt foar de finish de rapste. Spitigernôch waard hy by de streek ynhelle. Mar wat in talint, dy Tjerk de Boer! Der wiene ek hiel wat Weidumers dy’t kamen te sjen. En mei wat waarms út de koek- en sopie-keet wie it in slagge middei! De alvestêdetocht-koarts hie ek ús goed yn ’e greep. Dat wie ek sa foar in tal Weidumers. Mei grutskens mei ik wol sizze dat myn sweager Wigle Anema mei myn skoansuster Tryntsje Faber-Swierstra en buertgenoat Gert-Jan van der Meer de tocht folbrocht ha op sneon 11 febrewaris. Wat in prestaasje! Lokwinske!