INEZ TIMMER, har wurk as artyste

1 novimber 2019

Wizige op 26-11-2019, 11:04:38

INEZ TIMMER, har wurk as artyste

Sûnt april 2018 wennet oan it Sânpaad yn Weidum de Fryske artyste Inez Timmer (1955). Har libben as sjongeres, teatermakker en musicalstjer brocht har yn Nederlân, Dútslân, Eastenryk, Amearika en al cruisefarend oer seeën úteinlik werom nei Fryslân. Iksels koe har fanút myn jeugd as de frontsjongeres fan ‘Irolt’, dêr’t ik as grutte fan, alle ferskes fan meisong. Jierrenlang hiene wy by de ‘Gesellige Sjongerij’, ‘It Wite wiif’ ek op it repertoire. Mar dat wie foar de tiid fan har úteinlike ymposante en ynternasjonale karriêre fan al mear as fjirtich jier. Okkerdeis wie ik by har op ’e kofje en die sy har ferhaal.

 Wurk
Inez waard berne yn Dedemsfeart (dêr’t se trompet spile) en wenne letter yn har jeugd yn Kollum. Se hold fan sjongen en song as tiener bygelyks by de Etiquettes en  as eftergrûnsjongeres by de Elvis-akt fan Henny Wielinga. Sadwaande hat se ek wol yn de seal fan De Vijf Sinnen optredens hân. Doe kaam se op in dei muzikant Nanne Kalma tsjin dy’t har frege  foar de Frysktalige folkband Irolt. Dy band stie úteinlik mear as tsien jier mei in soad súkses op de Fryske poadia.

Yn ‘86 hâld Irolt op te bestean en nettsjinsteande har oplieding en baan as learares Ingels, besleat Inez op har 32e dochs foar har passy foar sjongen te gean en folge oan it Konservatoarium yn Hilversum in oplieding ta jazzsjongeres. Dermei gie hja, nei in pear Fryske projekten, folle bak oan it wurk mei útienrinnende rollen yn bekende musikals. Bygelyks yn Phantom of the Opera en Anatevka, wêrmei’t se yn ferskillende lannen by ferskate teatersealen lâns reizge. Dat sok wurk in hiele aparte wize fan libjen ynhâldt, is te hearren yn har lêste soloprogramma Vijf minuten voor aanvang, wêryn’t Inez op smoute wize weromsjocht op har karriêre oant no ta.  In ferhaal oer it hieltyd wer aardzje moatte yn in oar lân; it oanpassen oan oare kultueren; de glitter en glamour, rom en iensumens. “Optrede yn grutte musikalproduksjes is geweldich. Krigest der in soad positive enerzjy fan,  learst  minsken kennen, dielst moannenlang klaaikeamers mei oaren en belibbest fan alles meielkoar. Mar dêrnei giet elk wer syn eigen gong en komst elkoar spoaradysk wer tsjin; hâldst gjin relaasjes yn stân.”

Omdat der yn Dútslân en Eastenryk mear wurk  foar har wie,  spile Inez skoftenlang yn in protte Dútsktalige produksjes, lykas Die Schöne und das Biest. Har wenplak wie fan doe ôf Essen, mar ‘as rûnreizgjend artyst binne je eigentlik nergens echt thús’. Hielendal doe’t der wurk by kaam as entertainer op in lúks cruiseskip (de Ms Europa) mei wikenlang  de ferantwurdlikheid foar alle jûnen in oare show. Doe waard it, hoewol machtichmoai wurk, dochs wol swier.

Nei sa’n tweintich jier wie Inez faker hjir en dêr wer te finen op Nederlânske en Fryske poadia, mei  nije, meastentiids eigen, teaterprojekten, lykas Leafdesbrieven, Mademoiselle Chanel of oer it liet Lily Marleen (in foarstelling dy’t se yn maaie as kado spile hat yn it doarpshûs fan Weidum). En doe kaam it beslút om wer werom te kommen nei Fryslân, earst nei in hierhúske yn Jorwert, mar sûnt sa’n oardel jier in eigen hûs yn Weidum.

Inez har berop is as it hawwen fan in winkeltsje: it jaan fan sjongles en workshops en alle ferskillende foarstellingen, lyts en grut, dy’t los fan elkoar te boeken binne. Wy kuierje eefkes troch har smûke húske en oeral sjochst doazen mei rekwisiten, opsteapele dekorstikken, hangers mei kettingen, rekken fol teaterklean (sels fernaaid en bestikt).
“As ZZP-er haw ik al myn spullen sels yn behear. By alle optredens sykje ik alles byelkoar út de opslach, lis it yn de auto, helje op it plak alles der út en dêrnei moat alles wer werom. Dat is somtiden in hiel gesjou! Boppedat fyn ik it bêst wol dreech om mysels altyd te ferkeapjen. Moast altyd achter promoasje oan en dat frustrearret wolris.
It wie hiel noflik dat ik fan ’t jier wurk krige by de Nederlandse Reisopera as Madame Armfeld yn A Little Night Music: ik hoegde der allinnich mar hinne om te spyljen. Alles waard fierder foar ús regele, hearlik om it los te litten”. Foar dizze rol krige Inez yn augustus hiel earfol in nominaasje yn de  Musicalworld Awards foar bêste froulike byrol. En terjochte, we hawwe der mei in pear minsken hinne west yn Carré en se die it prachtich!

Weidum
“It wenjen yn Weidum fyn ik geweldich, de minsken binne hjir hiel iepen en der bart fan alles. Op in stuit komst yn in faze datst net mear oeral wenje wolst. Dan ried ik troch dy stêden mei al dy hege flatsjes. Dy enerzjy dêrút drukte my del. Hjir is romte, kinst derút, eefkes in eintsje kuierje, Bears om. It is belangryk om goed sykheljen te kinnen en te bewegen. In oantal minsken fan Weidum koe ik al út de teaterwrâld. Mar sa as se hjiirre mei âld en nij lânskamen mei glühwein, it Krystbal, de merke, dat fyn ik moai. Froeger moast ik neat hawwe fan in doarp mei al dy sosjale kontrôle, mar no fyn ik it wol in moai gefoel dat minsken wat op elkoar passe.”

Inez is al 15 jier troud mei Peter, dy’t se ken fan de cruiseskippen, dêr’t hy ek wurke as entertainer. Peter wennet en wurket yn Dútslân, mar hy is wol gauris te finen yn Weidum. “Peter fynt it hjir ek hiel leuk, al fiel ik my wolris skurf dat ik him út syn wrâld yn Dútslân helje. Miskien komt hy ea ek hjirhinne, dat sjogge wy noch wol. It leafst boude ik noch in studiootsje ofsa efter myn hûs, sadat we wat mear romte hawwe soene. Of dat ik opslach yn de buert derby hiere kin. Mar it wenjen hjir fyn ik in rykdom!” 

The voice
Yn it begjin fan it jier hie Inez har opjûn om mei te dwaan oan de sjongwedstryd op telefysje: The Voice Senior. Wat stoer!! Nei in stringe foarseleksje krige se grien ljocht en doe moasten der fansels ek guon mei om har by de tv-opnames oan te moedigjen. Sa sieten, yn juny, Franci, Emmy, Pytsje, Suze en ik yn in topgeheime ûndernimming yn de auto op wei nei Hilversum, Studio 12 en wy hiene in geweldich soad lol. Inez fûn it gesellich dat we mei wiene, want it wie dochs bêst spannend en tagelyk in protte omlummeljen. En wat die se it fantastysk, sa’n moaie stim, wy wiene út de skroeven, sa entûsjast! Fansels mochten we neitiids neat sizze oer it ferrin, oant it op tv west hie. We hawwe der sels kontrakten foar tekenje moatten. Mei in klup fan sa’n tritich minsken ha we de lêste útstjoering, dêr’t Inez oan mei die, yn it doarpshûs sjoen. Alhoewol’t  Inez prachtich song (mei in grut applaus fan ús) grypte se helaas krèkt neist in finaleplak.  Mar al mei al wie it in ûnferjitlike ûnderfining en it hat Weidum ek op ’e kaart setten, want Inez hie it sà faak oer Weidum dat Martijn Krabbé op it lêst frege:  “Gaat het nu over zingen of zijn wij een toeristisch programma?” Inez hat har talint geweldich goed sjen litte kinnen op in grut poadium en dat is fansels  goed foar har “winkeltsje”. Wa wit wat der noch efteroan rûgelet?  Foarearst is der drokte genôch mei al de ferskillende foarstellingen dy’t se te bieden hat. “Ik bin no dwaande mei myn nije programma, Natural Woman (Songs from the 70’s) en  haw noch wol mear ideeën foar de takomst”. Miskien wat mei oaren? Net allinnich solo? “Ik bliuw  altyd  wol oan it skriuwen en dan sjoch ik wol wat der fierder op myn paad komt”. Laitsjend:  “En ik sil ek wol moatte, want ik bin noch lang net oan myn pensjoen ta, haha!” 

Ik bin der ek benijd nei, hoe’t Inez har  paad fierder rinne sil. Mar ik bin der wis fan dat se hjir moai op har plak sit en dat der grif noch fan alles te betinken en te belibjen wêze sil de kommende jierren!                                                                                                                                                                                               Marineke van der Zijpp