Ik wie derby

19 july 2016

Wizige op 27-11-2019, 15:00:44

Ik wie derby

5-6 2016  “Hup, hup”, seine Gisi en Luit-Jan by de kaartferkeap, “it begjint hast!”
Wy hiene noch noait yn de Neushoorn west, mar foar dit Tribute to Adele konsert stapten wy graach op de fyts. Troch de doar nei binnen wie it waarm en pikketsjuster. Earst de eagen mar wenne litte. Fage silhûetten riisden foar ús op as bylden fan bekende doarpsgenoaten tusken in folpakte mannichte yn ôfwachting fan… Eefkes oriïntearje: ah, dêr kinne we aanst bier krije.
Doe wie der beweging op it poadium en de spanning stiigde, minsken kamen massaal nei foaren. It ljocht gie op en dêr stie Jasmin Lukkes. Har lûpsuver sjongen oerweldige ús, wauw, wat klonk dat goed, in magysk momint! It applaus wie oerdonderjend.

“Poeh, wat wie ik senuweftich”, sei se ûntwapenjend en dêrmei wie de hiele seal definityf ferkocht. Se frege om mear ljocht om ús as publyk sjen te kinnen, mar wy seagen doe ek better wa’t dêr op it poadium allegearre oan it konsert meidiene. Topmuzikanten, stik foar stik, mar foaral de wille en de gemy tusken dizze jonge minsken spatte fan it poadium ôf sà by ús yn ’t moed. De leafde en lange repetysjetiid waarden mear as ferdûbele oer ús as publyk delstoart.

Nei Jasmin kaam Yldau Hoekstra yn de spotlights. Oerdúdlik heechswanger en mei in gouden stem song se ús streekrjocht yn ’t hert. It moaie wie dat se mei har eigen stimtimbre it lûd fan Adele wer in oare twist jaan koe, wat it palet fan Adele har repetoire geweldich ferrike. Dêrnei makke  Yldau Bijlsma har opwachting, in persoanlikheid en in ferskining.
Doe’t se har snaveltsje iepenluts, mei har útstrieling en maklike sjongen, pakte se ús folslein yn. “It swit rint my no al by alles del”, sei se en dat wie tekenjend foar de sfear dy’t der hong; earlik, fol humor en meielkoar genietsjend. Om en om songen de froulju de bekende lieten.

Mar boppe alles wie it muzikaal in boppeslach. Marije Hoekstra spile swingend de bas, krûpte dan wer efter de drums en traktearre ús sels op sjongen. Mei in stim as in dyk knalde se mei har hiele  wêzen har nûmer de seal yn, wàt in multitalint. Dat sit grif yn de genen, want neist suske Yldau spilen har broers Jan en Hindrik efter har mei yn de band.
De band bestie fierder út Menzo Rohn, Anna de Vries, Leon Nagel en fansels Yme Kramer dy’t him hielendal thús fielde en drumde of op de perkussy sloech dat it in aard hie. It fleurige spyljen meielkoar en it hege nivo makke dat ik wol gauris mei pikefel of triennen yn de eagen stie. Mar dy koene hielendal oerrinne, doe’t him foar myn eagen in oandwaanlik mar ek humorfol skouspel fan in  houliksoansyk oan swangere Yldau ôfspile. Sa waard se troch har freon nochris ta oansteande makke. It wie noch wer in lyts kadootsje foar it publyk, dat mei de moaie klanken, de skitterjende ferljochting en it iepen etalearjen fan alle betûftens al sa gul traktearre  wie.

Nei it lêste nûmer rôpen wy fansels ynmoedich ‘we want more’ en lokkich kamen se doe noch ien kear werom om te sjongen. It wie sa’n optreden dêr’t je net genôch fan krije koene. De prachtige nûmers fan Adele, hertstochtlik en sûnder pretinsje fertolke troch in skakear-ring oan muzikale persoanlikheden, dêr kin ik fan sizze: de echte Adele kin der yn har ientsje noch in puntsje oan sûge. It legindaryske konsert foar Adele yn de Neushoorn: ik wie der by!
                                                                                                                            Marineke van der Zijpp.