Iepening Hûnepaadsje

30 desimber 2019

Wizige op 31-12-2019, 10:17:55

Iepening Hûnepaadsje

Op 30 desimber 2019 wie it dan safier. It Hûnepaadsje is offisjeel iepene!
Om 17.00 oere fersammelen de bewenners fan de terp harren yn de tinte dy der al stiet foar âldjiersnacht. 

We begjinne mei in oaljekoeke en glühwein en dan tsjin healwei seizen nimt Klaas Tilma it wurd.
It hûnepadsje: Der is eins net safolle ynformaasje oer te finen. Yn it ferline wie it keatslân in terp, fan de tsjerke oan it kikkersletsje. Oan dizze terp lizze de âldste stjitten fan Weidum, de greate- en de lytsebuorren. De greatebuorren hat dizze namme omdat it yn it ferline de langste strjitte wie fan de twa. Der wennen de foarnaamste minsken (Doe wol waard wer opmurken :-)). 

Hoe is it Hûnepaadsje ûntstien. It Tsjerkhôf hie in stek om it te skieden fan it keatslân. In hûn fan de Buma's, mei de namme Sibelia, hie in eachje op de Sibbele, de hûn fan boer Pier de Boer yn de kûpersteech. Alle kearen dat Sibelia loops wie stuts hy it tsjerkehôf oer om by Sibbele te kommen. Hjir kamen in protte klachten oer, derôm hawwe Buma en Pier de Boer in stikje grûn kocht tusken it Tsjerkehôf en de rest fan de terp. Hjirtroch krigen Sibbele en Sibelia in eigen paad.

Yn de oarlochsjierren binne alle beammen (faak nachts) langs it hûnepaadsje kapt. Om't de minsken fan Weidum it hout nedich wiene foar de kachel en oven. 

Yn de jierren 50 waard it Hûnepaadje ek wol brûkt foar 'spesjale ferjochtingen' tidens it eksamen fan motrrydbewys. Dokter Mantel naam dat ôf, en as je sûnder mankeminten oer it Hûnepaadje ride kinne, kinne je alles.

Frijwilligers hawwe it paad jierrenlang ûnderhôlden. En dat fûl noch net ta yn de tiid dat it paad fan gieltsjes wie. De woartels fan de beammen drukten grutte bulten yn it paad en derom is letter beslúten om der in skelpepaad fan te meitsjen. 

Dirk Limburg iepene tsjin seizen it Hûnepaadsje.