Hûs oan hûs aksje

27 febrewaris 2024

Wizige op 28-02-2024, 09:59:11

Hûs oan hûs aksje

Hûs-oan-hûs aksje om te besparjen op enerzjy!

Doarpsenerzjy Weidum wol bydrage oan duorsum enerzjyferbrûk. We ha in aksje betocht om húshâldings te helpen mei lytse maatregels. Tink oan tochtstrips, brievebusboarstels en radiatorfoly. Frijwilligers út eigen doarp besjogge per hûs wat der mooglik is en fiere dy maatregels dan ek út. Fierders kinne se mooglik ek noch advys jaan oer ferljochting en ferwaarming. De kosten fan it materiaal binne foar rekken fan Doarpsenerzjy Weidum.

Kin it noch moaier? Ja, want troch in subsydzjeregeling krije we per dielnimmende húshâlding € 50,- om te besteegjen oan de leefberens yn Weidum.  

Start oan de Greate Buorren

Yn novimber ha we in start makke op de Greate Buorren. Mei in enkête ha we peild hoe grut oft de belangstelling wêze soe. Mar leafst in tredde fan de húshâldings joech oan wol in frijwilliger oer de flier hawwe te wollen om te sjen wat der noch oan besparrings mooglik wêze soe. Dy ynventarisaasje hat ûnderwilens plak fûn. En at dizze Rûnkranter út is, sitte dy húshâldings der nei alle gedachten in stikje waarmer by. Troch tochtstrips by sigerige ruten, in brievebusboarstel yn de foardoar of radiatorfoly efter de ferwaarming. 

Yn jannewaris is de Idzerdaleane oan bar

Orange85 Brievenbus Tochtstrip - Borstel - Tochtafsluiter -  Brievenbusborstel -... | bol.comDe kommende moannen giet de frijwilligersploech strjitte foar strjitte by del. It lit him noch net foarsizze hoe rap oft de aksje rint. Dat hinget fansels fan de belangstelling ôf. Wis is wol dat der in manmachtige ploech ‘fiksers’ klear stiet om jim fan tsjinst te wêzen. Yn jannewaris komt de Idzerdaleane oan bar. It begjint der mei dat we mei in fragelist alle huzen by del geane. Wa ’t belangstelling hat, kin in wike as wat letter in frijwilliger oan de doar ferwachtsje dy ’t it hûs troch giet en besjocht wat der mooglik is. Dêrnei wurdt it materiaal besteld en bringe de fiksers it oan.

It oanbod nochris yn it koart:

  • lytse enerzjybesparjende maatregels by jo yn ’e hûs
  • útfierd troch saakkundige frijwilligers út eigen doarp
  • kosten betelle troch Doarpsenerzjy Weidum.

Wêrom meidwaan?

  • goed foar it miljeu
  • goed foar de beurs
  • goed foar it doarp!

Fragen oer dizze aksje?
Nim kontakt op mei ien fan de leden fan it bestjoer fan Doarpsenerzjy Weidum:
Katja Westra, Gertjan van der Meer, Steven Duursma en Geert de Groot.