GoudenSpiker

26 maaie 2024

Wizige op 28-05-2024, 07:46:00

GoudenSpiker

GOUDEN SPIKER 

Juster gie ús fanfare yn kolonne op nei Oerterp, dêr’t de romrofte Spikerpakkenband al foar de 27ste kear it Gouden Spiker Festival organisearre. It wie allegearre wer dik yn oarder, geniaal!

De kompliminten rûnom wer foar ús kreas klaaide orkest 

Mar de hannen giene pas écht op elkoar foar ús Bauke Regnerus dy’t de 1ste priis wûn mei syn skitterjende hoornsolo Concertino for Horn!! Fan herte lokwinske Bauke, it wie prachtich!

In twadde priis, de Sulveren Spiker, krige de fanfare foar it ferplichte wurk Andries en de Liefelijke; in hiele dikke plom foar ús Ria en alle fanfareleden, te gek!!

Wietse en Jorick bedankt foar de stipe yn it slachwurk! En Jelle en Johanna, tank dat jimme op it lêste momint ynspringe koene!