Fuotbal Deinum 21 maaie 2011

25 maaie 2011

Fuotbal Deinum 21 maaie 2011

Op 21 maaie wie it wer safier...it Sparta toernooi yn Deinum. Om 18.45 oer gie de earste wedstriid fan start, tsjin Deinum, de caravan-mannen. In wedstriid wer't Weidum de bal goed yn besit hie en ús keeper syn best die om alle ballen út de goal te hâlden, en mei sukses want nei in moaie goal fan Johan wint Weidum mei 1 - 0. Sunder ek mar in slokje wetter en mar in tel rust moasten de weidumer mannen gelyk wer oan de bak, dizze kear tsjin Jellum/Beers. Een sinderende wedstriid fan dizze 3 doarpen wer't Weidum syn best die om 'op de been' te bliuwen......it waard 2 - 2 mei goals fan Atse en Theo. Dernei wie der 20 minuten rust, even een slokje wetter, in bemoedigende/oanmoedigende wurden fan it publyk wat man/frou machtich fan Weidum nei Deinum kommen wie!! De 3e wedstriid.....de beslissende wedstriid...wurdt it finale of net. Der fleach in bal krekt oer, ien tsjin de peal.....ach ach, wot in spanning. De wedstriid tsjin DTD eindige yn 3-3....jammer, gjin finaleplak mar wol hearlik en sportief oant it fuotbaljen west. Gau under de douch en dernei lekker oan it bier, en dat smakke poerbest. Weidum wun sels noch in vette priis, Jan Bosma koe in meter bier yn untfangst nimme, de 2 priis yn de poule, no, dizzen giene der wol yn. Let yn de jun, of betiid yn de moarn, kaam in elk wer op it fytske thus yn Weidum, dizze fytstoch wie foar sommigen mei wat ' vallen en opstaan' (nee Jan, we neame gjin nammen) Weidum kin werom sjen op in moaie, sportieve en gesellige jun.