Full house mei Oare Fyzje Sjongfestival

Wizige op 13-05-2019, 18:17:31

Full house mei Oare Fyzje Sjongfestival

Unyk? In oare fisy? In jûnfoljend muzykspektakel?
De superlatieven fleagen je yn oanrin nei it Oare Fyzje Sjongfestival fan Harmonie Weidum & Friends om `e earen, leafst 330 man wiene dêr nijsgjirrich nei; it Weidumer doarpshûs siet it ôfrûne wykein dan ek grôtfol muzykleafhawwers.

Anke, John Boonstra, Ali de Vries, Petra Ottema, Jannie van der Veen, Lucy, Anton, Ait Jan, Marieke, Robbie van Dijk, Dieuwke, Marineke, Remmelt, Nienke, Kees, Saskia, Lucinda Weijer, Wiepkje, Ruurdtje & Wigle, Grietje & Marten songen de stjerren fan `e himel en waarden begelaad troch in kompleet Harmonie Weidum, eat wat wier unyk te neamen is.

Patrick, Harry Zwerver, Wouter en Wikje soargen tegearre mei Wybo & Tialde foar skitterjende foarstellings dy’t hiel smooth ferrûnen. De OFSF kommisje én it bestjoer fan Harmonie Weidum binne elts dan ek tige tankber foar de ynset, de helpende hannen, it meitinken, it meidwaan en it kommen!

“Wat in prachtige foarstelling.. top.. wy foenen it geweldig!!!”

Foto's: Piet Douma
Mear foto's: Harmonie Weidum.nl

 



« werom