Frijwilligers yn Weidum

18 desimber 2012

Frijwilligers yn Weidum

De minsken achter... de ferbou fan it Doarpshûs Troch: Grietje Meulenaar Hjoeddedei libje we yn in wrâld wêryn ’t elts it drok hat. Faaks krije je as antwurd: “Ik ha it drok”, wannear ’t je freegje hoe ’t it giet. Yn in tiid wêryn ’t minsken yn it deistich libben aktyf binne, is it altiten wer bysûnder dat der frijwilligers binne. Frijwilligers dy’t neist harren eigen drokten ek noch tiid fine om har yn te setten foar it doarp. In soad aktiviteiten yn Weidum, Jellum en Bears wurde organisearre troch frijwilligers. En dat is prachtich! It bynt de mienskip en jout libben yn it doarp. Mar wat witte we eins fan dy frijwilligers? Wa binne se? En wat binne harren driuwfearen? Dat we net sûnder dy frijwilligers kinne, is foar elts dúdlik. Heech tiid om harren ris sintraal te stellen. Dat dogge we yn de kommende Rûnkranters. Diskear is it ien dy’t him ynset foar de ferbou fan it Doarpshus yn Weidum: Jan Bosma. Jan Bosma is 65 jier, in fanatiek fuotballer fan Easterlittens en in man dy’t in boeiend wurksum libben achter de rêch hat. Dat hy in jûn lang folje kin mei prachtige ferhalen is dúdlik wurden foar my. Mar we begjinne by it begjin… Jan is berne yn Sigerswâld en is nei de legere skoalle nei de Mulo yn Drachten ta gien. Spitich dat er no krekt yn in klasse telâne kaam mei allegearre ‘sittenbliuwers’. De earste skoaldei stiet Jan noch goed foar de geast: “Neat gjin yntroduksje, mar daliks in proefwurk Dúts”. Yn in gesprek mei in dosint, mei de bynamme Slak, sei Jan dat er piloat wurde woe. De Slak begûn te laitsjen en sei tsjin Jan dat er dat mar út ’e holle sette moast. Dêr gie Jan syn dream. Koart dêrnei gie Jan nei de LTS, rjochting metaalbewurking. Troch it nije wurk fan syn heit as smid bij Bijlsma yn Warten, bedarre de húshâlding yn Wergea. Jan hat de LTS ôfmakke yn Ljouwert. Dêr waard him in folderke yn ’e hannen drukt fan de Marine. Dat like Jan wol wat en nei in goed gesprek thús is Jan by de Marine gien as ‘Makker van geschut’. Oer de Marine seit Jan laitsjend: “Enjoy the Navy and see the World!” Jan hat in soad sjoen fan de wrâld, mar lokkich nea belutsen west by in oarloch. En dan te betinken dat Jan lêst hat fan seesykte… Nei de Marine is Jan terjochte kaam by Thomassen en Drijver, in blikfabryk yn Ljouwert. Earst as ûnderhâldsmonteur dêrnei as ploechbaas en yn de lêste jierren wie Jan ‘Total Produkt Manager’. Yn dy lêste funksje moast Jan de prosessen yn de fabryk ferbetterje op útien rinnende gebieten. Likegoed by de Marine as by T & D hat Jan in soad ûnderfinings opdien dy’t hy no ynsette kin as frijwilliger foar it doarpshûs. Jan is sûnt 2003 ponghâlder yn it Stichtingsbestjoer fan it Doarpshûs. Jan fynt ponghâlder in grut wurd, Geert de Groot docht foaral in grut part fan de finansjele administraasje. Ponghâlder is ien fan de rige funksjes dy’t Jan ynfollet yn it doarpshûs. Dat hy himsels noch net ien dei ferfeeld hat sûnt syn pensjoen, sa’n acht jier ferlyn, jout oan hoefolle Jan te finen is yn it doarpshûs. In sterke kant fan Jan is dat hy gau troch hat wêr’t it net ‘goed rint’ yn it doarpshûs en dêr’t hy dan wat foar betinkt. Ien fan de foarbylden is de karre dy’t hy makke hat foar de houten flier. Dy flier wurdt brûkt by feesten yn ’e grutte seal. Mar ek by de minder sichtbere saken spilet Jan in grutte rol. Foar alle aktiviteient dy’t plak fine yn it doarpshûs, soarget Jan derfoar dat de sealen der klear foar binne. In foarbyld is de moandeitejûns as it korps repetearret. Jan, mar ek Ine Sikkema soargje der dan foar dat de lytse seal leech is. Jan jout oan dat der foarhinne in fêste ploech wie dy’t har ynsette foar it ûnderhâld fan it doarpshûs. Trije minsken fan dy ploech binne noch hieltyd warber: Jappie Heida, Harm Hallema en Ine Sikkema. Sy binne faak op tiisdei- en tongersdeitemoarn yn it doarpshûs te finen. En no oer de grutte ferbouwing fan it lytse sealtsje! Fan juny ôf oant no is de lytse seal omtsjoend yn in prachtige moderne romte. In pear foarbylden fan grutte feroaringen binne: in gruttere trochgong nei de grutte seal, in útbou oan de kant fan de bar, in prachtige eigentiidske bar en in rokersromte. Fierder hat it gehiel oare kleuren krigen werby’t griis en wyt de boppetoan ha, kombinearre mei moderne aksinten. Foar Jan wie it in yntinsyf projekt, werby’t der wiken wienen dat Jan wol mear as 40 oeren yn it doarpshûs omsloech. Jan hat belutsen west by de sloop en opbou fan it gehiel. Mei in soad nocht en wille wie er ek de oanstjoerder fan in frijwilligersploech (…al wol er it sels net sa neame). Dy ploech bestie ut: Andries de Jong, Geert de Groot, Ine Sikkema, Remmelt Bosma en Sieger Mast. Jan wist wat der barre moast en wat in elts syn of har kwaliteiten wiene. “Dat sjogge je gau genôch as je sa yntinsyf gearwurkje”, seit Jan. Hy sette harren dan ek yn dêr’t hy/sy goed yn wie. Ek hjir wie Jan wer dwaande mei minder sichtbere saken. Sa stie it ynvalidetoilet fol mei guod fan de ferbouwing en moast dy leech en skjinmakke wurde foar in byienkomst fan de ANBO. Mar ek in heale dei de doar iepen hâlde foar de skilder dy’t mar net kaam. Jan hat himsels ferwûndere oer de grutte ynset fan de frijwilligers by de ferbouwing. In grut part fan de bouploech wie der jûns nei it wurk en yn de wykeinen. En dan te betinken dat der in soad manlju, mar ek froulju wienen dy’t thús in húshâlding hawwe. Hout koe helle wurde by Van der Vegt. Jan: “Wat we ter plekke nedich hienen, koenen we sa helje”. Dat Jan hast syn nocht hat fan de ferbouwing is goed te begripen, it is in yntinsive tiid dy’t net te lang duorje moat. Der moat wer romte komme foar oare saken. Lykas kluswurk yn syn eigen hûs oan ’e Skildyk. Op de fraach oft de mentaliteit bot feroare is by de frijwilligers, fergelike mei sa’n 30 jier werom, antwurdet Jan: “De gesellichheid is noch hieltyd itselde, mar ek de ynset fan de frijwilliger!” Jan fynt it geweldich! Driuwfear foar Jan as frijwilliger: “Foar alle problemen in fernuftige oplossing fine! Mar ek ûnder de minsken wêze en de gesellichheid dy’t dat meibringt!”